Ziggo, dikke prima

Host vaststellen, Ziggo yn it Frysk

Belofte makket skuld, dus ik sil dwaan wat ik tasein ha.

Wy wienen kwa ynternet en telefoan altyd klant by UPC. Tefreden klant, mei ik wol sizze. In triedleas modem dat sa no en dan wolris opnij opstarten wurde moast, mar it wurke goed. Doe kaam it berjocht dat UPC oernaam wurde soe troch Ziggo. Dêr hienen se my net nei frege en it hie om my ek net hoecht, mar it gie al oan. En doe like it as spile de duvel der mei, want it wie ien en al gedonder. De ferbinings mei it ynternet wienen wif en geregeld kaam alles ta stilstân, as hie it gehiel it absolute befêrzen nulpunt berikt.

Mei dizze melding waarden wy dan ôfskipe: Host vaststellen.

Alle kompjûterkunde dy’t foarriedich wie, blykte net genôch om der wat oan te dwaan. En eltse kear as de melding yn byld kaam, waard myn frustraasje grutter. Jo wolle net wachtsje, mar de boel moat it gewoan dwaan. Oproppen op Facebook ha dan hielendal gjin doel, want dêr eamelje de lju der allinnich mar dom yn om mei flauwe opmerkings. Nee, dan is Twitter de place to be.

Ik wie sa lilk op de wegereftige ferbinings, dat ik op Twitter mei de #ziggo der by sei dat ik myn abonnemint opsizze woe. Dat duorre net sa lang, doe hie ik al respons fan Ziggo Webcare. En dus ek gewoan yn it Frysk. Stjerrende wier. Oft sy ek wat foar my dwaan koenen. No, ik woe graach dat de ferbining mei it WWW goed wurke, mear net.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, se ha alles neirûn en it die bliken dat it modem oan ein wie. Ik ha fergees in nij modem krigen en alles docht it wer prima. Myn grutte kompliminten foar Ziggo Webcare.

Mar dat wie net alles.

Ynstee fan bliid dat se fan myn gejank ôf binne, kaam der hjoed (sneon) in pakje troch de brievebus. Kreas tichtplakt mei tape. Ik hie neat besteld, dus suver spannend. Der siet in kaartsje yn mei de tekst:

‘Tige tank foar it leuke gesprek wat wy op twitter hienen. Esther en Meindert. Ziggo Webcare.’

Harstikke aardich, dochs? Mar dat wie noch net alles. Der siet ek in plankje yn mei ‘Bûter brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries’ der op. Ynpakt yn pompeblêd papier.

20150801_141123

Sjoch, dat is dus klantebining by Ziggo. In hiele dikke prima. En dat mei ek wolris sein wurde.  It plankje hinget no by de foardoar. Tank, Esther en Meindert.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *