Tryater stiigt boppe harsels út mei Grûn

Grûn

download

Nei it besjen fan it jubileumstik mei as oanlieding 50 jier Tryater, skeat my dit troch de holle:

It soe samar sa wêze kinne dat guon fan de akteurs fan Tryater net yn de gaten ha oan hokker monumintaal stik se meidogge. Of meidwaan meie, want as je letter Grûn op jo CV byskriuwe kinne, is dat mear as in geunst.

Yn in ôfladen Lawei spile it selskip de kronyk fan twa tsjerklike boerefamyljes. En krekt dêrtroch krijt it stik sa’n grut stik werkenberens en past it as in âlde jas. Dy kombinaasje, de benearings fan in generaasjes duorjende ferbûnens mei de grûn, it berop boer, de libbenswize dy’t dêr by heart, de pleats, de tsjerke, it plak, it doarp, de tsjinslaggen en it troch omstannichheden net opfolgjen fan dy tradysje, soarget foar in sfear dy’t je miskien pas echt oanfiele kinne as je sels dat proses trochmakke ha. Der sitte safolle lagen yn it stik fan Ira Judkovskaja dat je der eins hast wol mei en yn grutbrocht wêze moatte om se daliks oan te fielen en op wearde te skatten. De wrakseling, de dogma’s, de relaasjes, it fjochtsjen om frij te wurden, de oansûgjende wurking fan de bertegrûn, it siet der allegearre yn. De geastlike neilittenskippen dy’t je meikrije fan jo âlden, dy’t dat fansels net mei ferkearde bedoelings dogge, de druk fan it leauwen. Prachtich spile. In dochter dy’t it ta direkteur fan in kristlike basisskoalle skopt en in suksesfolle man hat, mar eins dea-ûngelokkig is yn har relaasje en it leauwen. Sa kin ik noch wol skoften trochgean, mar om alle lagen út te fergrutsjen soe te folle wurde. De fjouwer oeren dy’t it stik yn beslach naam fielden as fiif minuten.

Grûn is in epos dat syn gelikense net gau fine sil. Hulde oan de skriuwster, dy’t ús dit neilitten hat.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *