Trump en Europa

De straf fan Toblerone

download

No, wat in wike wie dit. It spyt my as jim op myn miening oer ien as oare ferkiezing sitte te wachtsjen, want dêr is al safolle oer skreaun en praten dat elts der sa stadichoan neffens my wol wat klear mei is. Mar miskien betink ik my healwei de kollum en sis der noch al wat oer. Earst oar nijs dan mar. Toblerone wie dizze wike yn it nijs. Jim witte tink ik wol wat dat is, in sûkeladereep yn de trijehoeksfoarm, sa as in berch. It snobbersguod skynt tige populêr by reizgers te wêzen. Moaie handige brokjes om op te haffeljen. Britten binne ek gek op swiet guod en minder op Europa. Dus krigen wy de Brexit, mei as gefolch dat it Ingelske pûn yn wearde sakke. Toblerone hat it ûnwerp fan syn reep foar de Britske merkt doe oanpast. Minder trijehoekjes en mear tuskenromte. Minder gewicht oan sûkelade per reep dus. It swiet leafhawwende Britske folk moat mar ris witte hokker mega grutte gefolgen harren beslút hat om it hillige Europa de rêch ta te kearen. Toblerone set de trend mei minder gewicht yn in reep sûkelade. In strafmaatregel om bang fan te wurden…

 

Lokkich foar de Britten ha der ferkiezings west… O nee. Dêr soe ik it net oer ha.

 

Noch in nuveraardich nijtsje: Der is troch in feilinghûs in ûnderbroek foar 3250 euro ferkocht. It stikje tekstyl is lila fan kleur en hy is fûn troch in Amerikaanske militêr yn in bunker yn de Alpen yn Beieren. No soe ik net iens yn in ûnderbroek fan mear as trijetûzen euro omrinne wolle, mar al hielendal net yn dizze. Hy is flak nei de twadde wrâldkriich fûn en hat fan Eva Braun west. De frou fan Adolf Hitler. Wa der no sa gek is om safolle sinten te jaan foar in ûnderbroek fan dat minske stiet net yn it berjocht. Miskien hat de oanpriizjende tekst him as har oerhelle: Volgens het veilinghuis is te zien dat de broek gedragen is, ‘Maar er zitten geen gaten in en hij is schoon.’ Ik hoopje dat de keaper der hiel gelokkich mei wurde sil.

 

Wol apart dat dy ûnderbroek fûn is yn de Alpen, dy’t model stien ha foar de foarm fan de Toblerone reep. Tafal bestiet net. Goede opinypeilers ek net, teminsten net as it oer ferkiezings… O nee, traapje ik der wer hast yn.

 

Okee dan. Hiel koart. Ik ha dizze maitiid nei Sibearië west. Guon fan jim sille it noch wol witte. Ik ha dêr hiele leave en waarme minsken troffen. Nei de útslach fan de show yn de USA ha ik de ôfrûne dagen even kontakt mei harren hân om te freegjen hoe’t de gewoane minsken yn Ruslân der eins oer tinke. Yn tsjinstelling ta Europa fine se it yn Ruslân in prima útslach. Se tinke dat de ferhâldings tusken beide lannen sterk ferbettere wurde kinne as beide lieders elkoar in kear as wat troffen ha. Dat is even skrikke, of net dan. Want wy moatte dochs leauwe dat se yn Amearika de ferkearde keazen ha? Dat sizze alle Europeeske kranten, TV deskundigen en alle miening fabrykjes op de sosjale media?

 

As tusken Ruslân en Amearika de ferhâldings better wurde, soe dat wolris goed wêze kinne foar de rêst op it mondiale toaniel. Miskien moatte wy ús yn Europa mar ris ôffreegje oft wy net drok dwaande binne om ús te isolearjen fan de rest fan de wrâld ynstee fan oarsom. En de Britten dan? No, de nije USA topman hat al sein dat er de bân mei syn grutste bûnsgenoat sterk oanhelje wol. Dan binne dy Ingelsken de sûkeladesanksje fan Toblerone aanst samar wer ferjitten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *