Rick

Skoalletas

Rick-Parfitt

Potferdikke, dat wie even skrikke. in hiel libben oan muzyk kaam de lêste dagen foarby. Trije kear ha ik it genoegen hân om de man live te sjen. Mei syn synyske maat njonken him, dy’t dy fize grien kleurde Fender sa moai kombinearre mei syn teksten. Myn hiele jeugd wie de namme fan dizze band it promininst te lêzen op de achterkant fan myn speklearen skoalletas. Mei swarte filtstift hie ik de twa wurden der op kalke. Ien fan de meast ikoanyske bandnammen. Rick stie altyd yn it skaad fan Francis Rossi, de foaroanman. Mar dy rol skikte er him yn en waard ien fan de bêste en strakste slaggitaristen dy’t der is. O shit, wie, moat ik sizze. Wat Rick die, wurdt troch saneamde ‘muzykkenners’ altyd balinearjend ôfdien as ‘rjocht op en del’ muzyk. It frjemde is dat der eins gjin inkele coverband is dy’t de muzyk krekt sa spylje kin as Rick. Dus sil der dochs wol wat mear oan de hân wêze. As je ien kear fan fan dizze band binne, bliuwe je dat ek. Sa no en dan in jûn lang non stop even werom yn de tiid. Ien fan de lêste echt opfallende konserten dy’t de hearen dien ha, wie in unplugged optreden. Geweldich fansels, want de muzyk lient him dêr ek tige foar. Dochs kinne we harren eins allinnich fan de snoeihurde, strakke en allesbehalve akkoestyske optredens. Sûnt yn 1962 Allan Lancaster en Francis Rossi elkoar fûnen en Rick der twa jier letter by kaam, wie de hurde kearn fan de band foarme. Yn myn bertejier 1969 feroaren se de namme fan de band definityf yn wat er no noch altyd is. Of moat ik sizze wie? Sûnder Rick is de band net kompleet mear. Mocht dy eigenwize Rossi miene dat er mei in oar op slaggitaar (wat er dit jier al flikt hat) as wie der neat bard trochgean kin, ik sil net wer nei in konsert fan him komme. Want Rick wie de basis fan de sound fan de band. Syn riffs sille mist wurde troch de hiele mondiale famylje dy’t de muzyk fan dizze geweldige band wol op wearde skatten hat. Popikoanen gean faak wat op in lullige manier dea. Rick docht it wat dat oanbelanget prima. Nei oanlieding fan komplikaasjes fan in skouderblessuere, stie der yn it parseberjocht. Hy wie al hertpasjint en rûn mei in defibrilator yn syn boarst om. Rick Parfitt mocht mar 68 wurde, mar dat is fansels al stokâld foar in rock ’n roll libben.

images

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *