Reboelje op Smelle Ie

Iepenloftspul op de kleasterkamp, it strân en yn de haven

11953180_10206531240433087_229550966564384498_n

Dêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin. Justerjûn ha wy nei it lytste doarp fan de gemeente Smellingerlân (sis mar nét Drachten, Eelke) west. Al in skoft gienen de geruchten de rûnte dat op fjouwer en fiif septimber der yn Smelle Ie wat te rêden wêze soe. Op in gegeven momint stienen der hjir en dêr oankundigingen fan in barren mei de titel: Reboelje op Smelle Ie. It die bliken dat de hoofdplaatselijke skouboarch der wat mei te krijen hie. Hoe dan ek, wy sneupten krekt sa lang oant wy kaartjes hienen. Om de priis hoegde it net oer te gean, fiif euro binne onhoofdplaatselijke sifers dêr’t de measte teaterbesikers daliks in begripend glimke fan om de mûle krije. Jo ferwachtsje dochs al gau in kear as fiif safolle, mocht it it besjen wurdich wêze. No, nee dus.

Doe’t de skimer oer de Fryske wâlden kaam, sammelen harren in 250 minsken op de kleasterkamp, dêr’t earder it kleaster fan Smelle Ie stien hat. Der wienen kreamkes mei nuten, fruit, wol, jo koenen jo takomst foarsizze litte, en der wie fee te keap op de feemerk. Alles yn in iere setting fan de jiertelling. Wy ha it oer it jier 1306. Ek doe wie de twadieling yn de Mienskip, sa as dy op dit stuit wer folop syn yntree docht, ek al oan de oarder. De boppelaach friet en sûpte der op los, de ûnderein hie honger en toarst. Doe’t se nei protesten in fet bier taskikt krigen, bliek dat bedoarn te wêzen. Gefolch: Reboelje op Smelle Ie. Dit alles yn in prachtich dekôr dêr’t in prima koar goed gebrûk makke fan de gloaiïng fan de kleasterkamp en stadich op it folk oanrinnen kaam. Moai regissearre.

Foar it twadde part fan it barren moasten wy rjochting it strân efter immen mei in stoarmlantearne oanrinne. Lokkich wenje wy hjir op it sân en dat lit omraak reinwetter troch, dus wie it krekt te bedjipjen. Op it strân stie in wenwein dêr’t de bewenster yn it jier 1820 in winkeltsje ûnder de rok hie en alle manlju de holle op hol brocht. De froulju lieten it der net by sitte en woenen de hoer fuortjeie. Gefolch: Reboelje op Smelle Ie.

Mei slaan op tsjettels gie it op nei it lêste part, dat yn it prachtige lytse haventsje fan Smelle Ie spile. In skûtsjeskipper mei in frou dy’t foar de safolste kear swier wie, woe in oare skipper te fluch ôf wêze en fear yn de neare nacht de haven yn, de bern en frou yn de beage. Skitterjende bylden fan in moai ferljochte haven en it droege praat fan skipper en lilke frou makken it sfearfol. Doe’t de oare skipper der lucht fan krige wie de boat oan en hy woe syn earste plak om te laden opeaskje. Gefolch: Reboelje op Smelle Ie. De havenmaster die wat hast altyd wurket, hy krige de bearenburchflesse en sa saksearre de boel, wêrnei’t it folk ek oan de drank koe.

In moaie jûn kaam sa ta in ein. Kompliminten foar alles en eltsenien dy’t him as har hjir foar ynsetten hat. In lyts doarp, mei in grutte prestaasje.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *