Reade roas

Deidreame

download

It folk rint efter de ridende bier oan. As ûnderfiningsdeskundige sjoch ik it daliks: gjin blommen. Om hokker reden dan ek. Miskien is it út geloofsoertsjûging of tinke de neibesteanden dat sa’n boeket samar wei is. Ik wit it net, mar alle kearen as ik sa’n grêf tichtmakke ha tink ik: Wat in keale boel. Fansels moatte je soks respektearje, elts is frij om de lêste loop sa yn te klaaien as dat er sels wol. Gjin probleem. Mar wat no as je in dei letter by sa’n grêf komme en der leit ien reade roas op? Sjoch, dan wurdt it ferhaal oars. Want wêrom is dy roas letter op it farske grêf lein, doe’t nimmen it seach? Hokker geheim, hokker ferburgen leafde, hokker stil fertriet sit efter dy prachtige reade roas, dy’t skerp ôfstekt tsjin de swarte grûn?

Dêr kinne je in deilang mei omrinne. Wat in simpele, mar grif mei in soad gefoel delleine blom betsjutte kin. De kâns is grut dat ik it nea witte sil, miskien is dat mar goed ek. De wierheid is meastal minder fraai en romantysk as de tinzen dy’t je ha as je oer sa’n gefal deidreame.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *