Plysje aksjes

Moai fuort west

Puch_Maxi_Special_by_Foxy_Thing

Earlik sein mei ik graach oer dy plysjeaksjes. Dy lju moatte dêr foaral mei trochgean. Teminsten, sa lang as de simmer duorret en it hjir yn de moaie Fryske Wâlden tusken de 25 en de 30 graden is. Sjoch, ien fan de noflike bykomstichheden fan dy aksjes is, dat der hjir amper mear in plysjeman of frou te sjen is. En al hielendal gjin motormûzen, dy’t hinderlik yn de wei ride. Hearlike omstannichheden foar immen dy’t hiel efkes slim boargelik stout wêze wol. ik neam fierder gjin nammen, hear. Mar der wie troch in brek oan tafersjoch wol efkes romte foar in noflike toertocht mei in folslein yllegale, moai opfierde en prima protteljende Puch Maxi. Swart fan kleur. Noch freesliker: net fersekere en de dwaas dy’t der op siet hie ek nochris gjin helm op. It soe dochs ferbean wurde moatte, fine jim ek net? (smiley)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *