Pelgrimage

Beafeart

20150710_103045

Soms ha je oanstriid om efkes werom te gean nei dêr’t je wei komme. Gewoan om te fielen hoe’t it fielt. Lêstendeis krige ik dy behoefte op in dei dat frou en bern nei de Hoofdplaats te funshoppen wienen en ik lokkich net mei hoegde. Ik moast noch nei Drachten om in hântaast te dwaan, ik besleat dat op de fyts better wêze soe. It wie moai waar en neidat ik dien hie wat dien wurde moast, gie ik by it âlde tolhûs op it Súd fan Drachten net rjochting Koartehimmen, mar fytste rjochttroch, op nei Beetstersweach. Dêr sloech ik de Ald Hearrewei yn. Foar fynpriuwers op literêr mêd is dan daliks helder dat ik by Feroaring fan Lucht dêlfytste, healwei Lippenhuzen, flak foar de brêge oer it Alddjip hinne. It wie betiid op de moarn, der wienen op in pear fanatike golfers nei hast gjin minsken, je ferwachten elts momint dat Durk Snoad mei in hazze oer it skouder út de greide komme koe. De loft trille boppe de blommefjilden om it Alddjip hinne. Op wei nei de mei in karakteristyk grienkoperen dak oerkape wettertoer fan Lippenhuzen wienen it allegearre sjongfûgels en hjir en dêr skarrele in earrebarre troch it fjild.

Foarby Lippenhuzen naam ik in eintsje de rûte fan good-old lijn 20, fan It Feen nei Drachten. Ik ha der faak yn sitten. In skoaljier lang om krekt te wêzen, mar dêroer ynkoarten mear. By de leechsteande gebouwen fan De Vries Kozijnen del en troch de Gordyk op wei nei Hoarnstersweach, mar dêr gie ik net oan ta. Ik keas de Oude Singel en gie dizze min befluorre klinkertdyk rjochting Bontebok. De bok stiet der noch, it skoalplein dêr’t er stiet sil nea wer sa wêze as eartiids. De skoalle is ticht. Krekt sa as de School met de Bijbel yn Ketlik, dêr’t ik seis jier hinne bongele ha. Ek sletten, de lokale grifformearden sette net genôch bern mear oan en dûmny kin harren der fan de preekstoel ôf ek net mear ta twinge, sa te sjen. Goed, oer de Bischoplaan mei syn rike histoarje troch de Aaltjelaan, dy’t prachtich opnij asfaltearre is, op nei de Weversbuurt. Dan komme je hiel ticht by de beskaving fan wat no Parklandschap Oranjewoud hjit. Foar my is it gewoan de Marijkemuoiwei en Brongergea, dêr’t ik hikke en tein bin en sels nei 20 jier noch eltse iik- en boekebeam wit te stean. It moaiste is dat je rûke kinne dat, wat der ek feroaret, de lucht fan je jeugd noch sa djip yn je ûnthâld sit dat de hiele oardel kilometer Brongergea as in mindtrip fan in pear minuten oan je foarby giet. Jammer dat se it hôf mei de klokkestoel sa ferknoeid ha. It paad soe der gewoan wer omhinne moatte, sa liket it op stront. Mar foar de rest is de eastkant fan Oranjewâld it moaiste stikje Fryslân dat der is. Sil ek nea oars wurde.

Ien fan de foardielen fan Oranjewâld? Se ha der lekkere kofje by Tjaarda. Ik hie der doe in 35 kilometer op sitten, dus in stikje oranjekoeke der by. Tige tapaslik yn Oranjewâld. Ik ha in pear Brabânske pinsjonado’s noch efkes it paad wiisd nei de Belvedêre, de servearster woe se troch it skeve dykje ha, mar dat raast oan de protters. Doe’t se frege hoe’t ik dan wol wist wêr’t se del moasten sei ik dat ik berne bin mei sicht op dy doe noch boufallige betonnen toer. Ik ha noch noflik praten mei de Brabanders en de servearster hie wer wat leard, sei se. In pracht.

Nei de kofje wer mei it gat op de fyts en oer de Goudkust rjochting de tunnel ûnder de A32 troch. Ik wie dochs yn de buert, dus krekt efkes by heit sjen. Dy ferbliuwt sûnt 12 maart fan dit jier op it hôf oan de Binnenweg. Hy sei neat werom doe’t ik him groete. Mei oare wurden, ik fyn dêr net folle.

No komt der in oprop oan boargemaster Van der Zwan fan It Feen. As der hjir of dêr nochris in pear sinten oer binne, kin dy aaklige brêge rjochting de tunen fan Louis le Roy oan de Kennedyleane ek ris oerferve wurde? Dy kleuren flokke as in pompeblêd yn de Hoofdplaats. Ik bin der al oerhinne klúnd, mar eins skamje ik my dea dat soks yn It Feen stiet. Klear. Foar it oare is it in gouden plak.

Oer de Montignacwei rjochting de Aengwirden mei de rige oanien sletten doarpen en doe wer op nei Tynje, Nij Beets en Boarnburgum foel it my op hoe machtich moai Fryslân yn de simmer eins is. Hjir en dêr de rook fan gers, kuil, stront en hea, in tanimmend oantal kij yn de greiden. Nei goed 60 kilometer wie ik wer thús en sels myn rêch die net sear. Wat in pracht provinsje wenje wy yn. Meie wy yn wenje.

2 Comments on “Pelgrimage

  1. Mooi artikel! Wat betreft de kleuren van de loopbrug over de Oranje Nassaulaan, zien wij deze belangrijke verbindingsbrug tussen Oranjewoud en Heerenveen het liefst in meer natuurlijke kleuren, en liefst nog begroeid, al zal dat weer meer onderhoud vergen. Voor wandelaars is dit een belangrijke verbinding, die veel gebruikt wordt.

  2. As âld ynwenner fan it Wâld mei nocht lêzen. It is werom te kennen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *