Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK

Vrolijk Pasen

 

Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. Hmmm. Gjin papier te sjen, net yn de foarste en yn de achterste klep, foarsafier’t ik yn de yngewanden fan myn Canon MX895 printer sjen koe. Yn de achterklep sitte sluven, yn de papierbak oan de ûnderkant gewoan A4 printpapier. Alles kreas en gjin ferfrommele stikken der yn. Wol wat stof, want dy dingen frette stof. Earst mar ris útblaze. Kompressor der op, alles wer stoffrij. Nije poging, yn goed fertrouwen dat er it no dan wol wer dwaan sil. Knopke ON: nei trije tellen de melding: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. Ja, dy hie ik al earder sjoen. Stadich begjinne te switten, want ik kin der net oer dat de brut it net docht. Noch in kear besykje, in ynstruksjeboekje is der net, want dy smyt ik altyd mei de ferpakking fuort, ta grutte ergernis fan myn hûsgenoaten. Klear, ik fyn neat oan boekjebrut mei ynstruksjes. Mar no hie it wol maklik west. Okee, stikem noch in kear oan en út. Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. ‘Heit moat him net oan barrels slaan, hear,’ seit de âldste. Se kin my in bytsje. Stoom út de earen, der is echt gjin papier te sjen en dochs moat ik papier ferwiderje. Vrolijk pasen ferwurdet yn de freeslikste senario’s. Want ik wol, sil en moat hjoed noch printsje kinne. Gjin dea guod baas en in Fries knibbelet allinnich foar God. No, dizze Fries hat ta trije kear ta op knibbels lein om de stekker der yn en wer út te dwaan, dy sitte op in plak dat it net yn it sicht leit, want it each wol ek wat. Folslein idioat fansels, funksjoneel is altyd better, mar ek dat is op sa’n momint net oan de oarder. Jo flokke binnensmûls hiel wat ôf, gedachten oan noflik mei in foarhammer op dy printer omhouwe en dan nochris dogge opjild. Vrolijk pasen.

‘Moatst it efkes googelje, miskien is der noch wol ien dy’t it probleem hat,’ is it folgjende goede advys fan it meitinkende panel. Okee, dat kin ik wol besykje. Sykopdracht: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK Canon MX895

Witte jim hoefolle types printer Canon hat? Tsss… Der wie oars al in heldere geast dy’t wat opskreaun hat.

Solution:
1. I took a thick piece of paper, from like a paper folder ones, thick enough to go in the printer and not curl up when pushed..
2. turned off the printer and turned it back on.
3, while printer was turning on,and makings sound as it does normally when turning on, I pushed through the piece of paper and the rotors stoped for a millisecond.
4.the rotors started again and pushed out the paper by it self with out my force.
5. I let the printer get started. and then turned it off and then on.
6. this solved all of my problems.
this was the first problem ever with this printer in 3 years.,preety good printer.

good luck…

 Right. Ik ha in stik papier krigen. Yn de achterklep en hupsakee. Fol goede moed op it ON knopke drukt. Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK

Minder en minder vrolijk wurde de peaskedagen op dizze wize. De foarhammer leit yn de bus en ik ha de kaai hjir net, mar oars? ‘Wat no as ik net de achterklep mar de ûnderklep besykje? Sa’n ding kin ek in minne dei of begjinnende Alzheimer ûnder de lea ha?’

Sa sein sa dien. Fol ferwachting op ON drukke dan mar. Nei trije tellen: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK.

GRRRRRRRRRRR!!!

Ik knikte begripend en klikte foar de 100e kear op OK. Gewoan om it rotgefoel noch wat oan te boazjen en my geastlik ta te rieden op in nije printer-oankeap. De printer tocht hiel goed nei, draaide it papierke der út en alles wurket wer. Prima apparaat, dy Canon MX895.

images (2)

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *