Wij verblijven in rijst

S4 in rys-rest

No, ik hoopje net dat immen fan jim it yn de holle hellet om my hjoed mobyl noch berikke te wollen. Dat sil net slagje. De troch jim allegearre sa tige wurdearre simmer mei syn idioatens hat derfoar soarge dat myn mobyl op ’t heden yn in bak mei rydownloads ferbliuwt. It sloech hjir krekt wat damp oan ûnder melken, dat de goaten oan beide kanten fan hûs moasten tefolle wetter ferwurkje en streamden dus oer. Manhaftich ha ik doe de paraplu krigen en bin it needwaar yn stapt. Nei fiif minuten de paraplu mar dellein, want oan de sek ta wiet fansels.

Myn trouwe Koreaanske freon Samsung S4 hie dêr sa syn betinkingen oer en wol as we speak net mear oplade. Ik moat ien as oare nuvere applikaasje delhelje, mar doe’t ik it kapke fan de batterij der ôf helle, die bliken dat it wetter der út rûn. Dus no ferbliuwt er yn riis, oant syn kwalen oerbettere binne. Ik bin werom yn de stientiid en sil dus myn gitaar mar ôfragge. Hulde.

Wie it mar wer gewoan winter.

Hongerklop, sei De Neel

Ek by kuierjendownload

Je meitsje alles foar de earste kear mei. Oeral en altyd de debutant, oant je dea ta. Dat dogge je, op in pear útsûnderingen nei, ek mar ien kear. Fansels ha ik de bylden wol sjoen, bygelyks fan Erik Breukink dy’t op it momint dat er tige koart yn it klassemint fan de Tour komme koe, sa’n minne tiidrit ôflevere dat er op ’t lêst hast stilstie. En wy mar foeterje. ‘Sjochst no wol, net goed genôch, de sukkel.’
‘Hongerklop,’ sei De Neel. De Neel sei wol faker wat. Dy hurdfytsers mei harren tige profesjoneel fersoarge begelieding in hongerklop? It soe wol. Oanstellers.
Juster hienen wy wat betider iten, der moast immen earne hinne, dus pasten wy ús der by oan. It is waarm, mar om in oere as healwei njoggenen woenen wy dochs noch efkes in eintsje om. En ferdikke, healwei like it wol oft ik lead yn de skuon krige. Ik ha in fleske wetter leechdronken, efkes yn it skaad sitten en doe’t wy thúskamen in baal paprikasjips ophaffele. Doe fielde ik dat ik wer by sûpe en stút kaam.
Ik sil nea wer sizze dat in hongerklop net bestiet. Ek by gewoan kuierjen kinne jo it krije. Sorry foar myn eardere falske beskuldigingen. Altyd de debutant…

De media en polityk nimme twadieling net serieus

Twadieling

Juster hie ik online in petear mei immen dy’t ik al in skoft ken. Op in gegeven momint kaam it praat op de soarch dy’t der is oer de yn rap tempo tanimmende timages (1)wadieling yn de mienskip. Wylst nei it model fan de voedselbanken ek al kleanbanken oprjochte wurde, jouwe oaren in feest fan 500.000 euro en is der in dei as wat letter it grutte noardlike netwurkkonsert, ek al yn Beetstersweach.

Mei in grutte stille wurkleazens yn dit lân (nei safolle tiid komme jo net mear yn oanmerking foar in útkearing en binne jo neffens de rekkenmasters dus net mear wurkleas) is it foar in soad minsken wrakseljen om rûn te kommen. Fêst wurk bestiet net mear en in soad VVD stimmers ha net troch dat se sels ek tige kwetsber binne, sels mei in BMW op de oprit.

Dan ha je noch it fenomeen ‘graaiers’. Lju dy’t alle skamte foarby lykje te wêzen en ek noch mei droege eagen fertelle dat harren beleaning eins net folle foarsteld.

Wat dogge sokke grutte ferskillen mei in mienskip? Wat tinke dy minsken sûnder wurk eins? Want net alle minsken sûnder wurk binne dom. Sy kinne echt wol in byld foarmje fan wat der yn dit lân oan de hân is. En dat byld is net posityf.

Yn it online petear waard steld dat de media en de polityk de feeling mei de gewoane minsken kwyt rekke binne. De minsken binne lilker as dat de media en de polityk erkenne wolle. Miskien omdat dy beide sektoaren harren faak yn de boppelaach ophâlde? Bling-bling nijs ferkeapet no ienris better as de safolste brutsen hûshâlding dêr’t heit syn baan as stukadoar yn de nijbou kwyt rekke is omdat der amper boud wurdt, dêrmei de alimintaasje net opbringe kin dêr’t mem rjocht op hat omdat dy har baan as oppasmem by de BSO opsein hat om op de twa bern te passen.

Datsoarte nijs is net ‘leuk’ om te bringen. Leaver hat de media it oer de Europese Spullen yn Bakoe, de belesting dy’t ferlege wurde sil (mar net echt) en wolle se hjir yn Fryslân fit mei Femke wurde, leau ik. Dat is nijs dat ‘leuk’ is. Dat wolle de besikers oan de netwurkpartijen graach hearre.

Minsken binne lilker as dat de media en de polityk erkenne wolle. Dat wie in eye opener yn it online petear. De warskôging dy’t fan dy konstatearring útgiet is dat de ekstremen oan linker en rjochterside fan it politike spektrum aanst in feestje fiere kinne. Denemarken hat in haal nei rjochts makke, oare lannen nei links, wylst de wierheid altyd yn it midden leit.

It soe foaral de (Fryske) media, mar ek de polityk siere as se de sinjalen dêr’t it nijs op basearre wurdt net allinnich op netwurkfeestjes en oare happy few gearkomsten garje. Graaf mar ris wat djipper as fersliten diken en 5 kilometerkes drave. De wiere twadieling dy’t der geande is leit net op sa’n fersliten dyk te lêzen.

 

Hipster

Deade broer op de foto

 

Adam_Duritz

Adam Duritz

Snein ha wy lekker te autoriden west. Ik leau dat it in kilometer as 350 nei Megaland yn Landgraaf is. Dêr wie it grutte Pinkpop barren. Ik soe foar de earste kear nei de Foo Fighters ta. Shit happens, twa dagen earder wie de foaroanman Dave Grohl yn Sweden fan in poadium nukt en hie dêrby syn skonk brutsen. Dus gjin optreden yn Landgraaf. It is net goedkeap om dêr hinne, wy moasten yn de foarferkeap €95.00 de man/frou ôftikje. Dat hie ik der graach foar oer, want in live show fan de Foo Fighters stie noch op myn bucket list. No stiet it der dus noch op en dat is spitich.

Elk nadeel heeft… Wy binne nei it prima optreden fan One Republic mar wer rjochting auto skarrele en 2.5 oerkes letter wienen wy wer yn it heitelân. Sûnder file gedoch, mar ek foaral sûnder Foo Fighters. Jammer.

Wat ha wy sjoen? In lekkere bak lawaai by The Deaf, in bandsje út Den Haag. In froulike bassist en trije idioaten wêrfan’t de toetseman oars net die as eroatyske bewegings mei syn piano meitsje. Prachtich.

Doe moasten wy fansels in djippe bûging meitsje foar de Belgyske Triggerfinger manlju. Se foelen yn foar de Foo’s en dienen dat hurd en goed.

Dêrnei kaam foar my it hichtepunt fan de dei mei de hearlik melangoalyske klanken fan The Counting Crows. Round Here, it earste nûmer, wie daliks goed foar pikefel. Lês de tekst mar ris. Ik set him hjirûnder wol efkes del. Prachtich brocht troch sjonger Adam Duritz, dy’t aardich by it spul like. In stiengoed optreden.

Yntiids hienen wy ús efkes deljûn tsjin in wand mei foto’s fan eardere edysjes fan Pinkpop. Nei in skoftsje stie der in jongedame foar ús en sy begûn nei in útrop samar te gûlen. Op ien fan de foto’s stie har broer dy’t koartlyn ferstoarn wie. Sa komme jo fan alles tsjin op sa’n festival. Foaral de tige relaxte sfear is in iepenbiering. Gjin wanklank heard, de hiele dei. Stompe jo ris tsjin ien oan, dat wol wol mei 70.000 minsken, gjin geskel, nee, in freonlik: ‘Geeft niks.’ Noflik folk.

Omdat je dochs wat rekalsitrant wêze wolle, ha wy dêrnei efkes in oerke lilke punkrock fan Rise Against ta ús naam. Alles foar de algemiene bagaazje, te leaf is ek net goed. Doe nei One Republic en foar de ôfsluter nei hûs, it optreden fan menear Pharrell Williams ha wy op wei nei de beskaving fan de Fryske Wâlden op de radio heard. Ik sil op hiel wat teannen traapje, mar gruttere bagger as dat wat de headliner neamd waard makket is der eins net. Wat in flutmuzyk.

No, dat wie it wol sawat. Ik ha de dei foar in part as hipster trochmakke. Frou en bern hienen net tocht dat ik it oanbeane elastyskje echt brûke soe om myn hier yn in sturt te dwaan. Soks moatte jo my dus net freegje, want it boeit my echt net wat 70.000 minsken dêr fan fine. Doe wie ik samar in hipster. Gjin idee wat dat is, mar klear. Mocht der immen wêze dy’t de skokkende bylden sjen wol: myn nije profylfoto op twitter lit sjen hoe’t dat der út sjocht.

Round Here. Prachtich.

 

Step out the front door like a ghost
into the fog where no one notices
the contrast of white on white.
And in between the moon and you
the angels get a better view
of the crumbling difference between wrong and right.
I walk in the air between the rain
through myself and back again
Where? I don’t know
Maria says she’s dying
through the door I hear her crying
Why? I don’t know

[Chorus:]
Round here we always stand up straight
Round here something radiates

Maria came from Nashville with a suitcase in her hand
she said she’d like to meet a boy who looks like Elvis
and she walks along the edge of where the ocean meets the land
just like she’s walking on a wire in the circus
she parks her car outside of my house
and takes her clothes off
says she’s close to understanding Jesus
and she knows she’s more than just a little misunderstood
she has trouble acting normal when she’s nervous

[Chorus:]
Round here we’re carving out our names
Round here we all look the same
Round here we talk just like lions
But we sacrifice like lambs
Round here she’s slipping through my hands

Sleeping children better run like the wind
out of the lightning dream
Mama’s little baby better get herself in
out of the lightning

She says, “It’s only in my head.”
She says, “Shh I know it’s only in my head.”
But the girl on car in the parking lot
says, “Man you should try to take a shot.
can’t you see my walls are crumbling?”
Then she looks up at the building
and says she’s thinking of jumping
She says she’s tired of life
she must be tired of something

[Chorus:]
Round here she’s always on my mind
Round here hey man got lots of time
Round here we’re never sent to bed early
And nobody makes us wait
Round here we stay up very, very, very, very late

I can’t see nothin’, nothin’, round here.
You catch me if I’m falling.
You catch me if I’m falling.
You catch me cause I’m falling down on you
I said, “I’m under the gun…”
Round here.
Oh, man, I said, “I’m under the gun…”
Round here.
And I can’t see nothin’, nothin’.
Round here.

 

No life without music

In libben yn soundbites

download

 

It earste ljipaai dat ik fûn wie doe’t de Australyske band Man At Work mei harren grutte hit Down Under yn de top 40 stie. De earste kear dat ik smoarfereale wie, koenen je de radio net oansette of jo hearden Don Henly mei The Boys Of Summer. John Sedaka syn Just Another Day ha ik ek in oantal spesjale dingen oer opslein yn myn ûnthâld, dy’t ik hjir net opskriuwe sil. Abba harren Fernando sil altyd ferbûn bliuwe mei de freeslike droechte fan 1976, doe’t it lân fan ús pleats yn Oranjewâld sa read as in kraal wie en heit út klearebare idioatens syn snor groeie liet. Troch oantrunen fan myn sus hie dy opstiging mar in koart libben. Letter dy winter kochten wy earste klasse Dútsk hea, dat nei ôflevering striemin bermhea blykte te wêzen. Mar Fernando sil ik altyd yn myn gedachten hearre as it dêr oer giet. Net Dancing Queen, dat in folle gruttere hit wie, mar Fernando.

De sniestoarm? Dreadlock Holiday fan 10CC. Wie al in healjier út, mar dochs is dat it nûmer dat opkomt as it oer dy dagen yn febrewaris giet. Dat, en de trochrinnende útstjoering fan de Fryske omrop. Oft dy doe RONO of Radio Fryslân hjitte? Gjin idee. Ik hear 10CC as it oer de sniestoarm giet. It jier dat ‘wy’ Europeesk kampioen waarden wie Tracy Chapman har jier mei it prachtige Fast Car. ‘Ja, dat is een goed stel hoor?’ Nee. De drôve eagen fan Tracy. Folle moaier.

De Stanley Cup finale 1987 waard behearske troch de suskes Ann en Nancy Wilson mei harren band Heart en net troch de dielnimmende teams. It nûmer: Alone. Hjir kom ik miskien noch wolris op werom. 🙂

Sa kin ik wol trochgean. Gjin idee oer it jiertal, mar wol oer de muzyk dy’t by in barren heart. En alle teksten daliks meisjonge (?) kinne. It brein moat wol in ûneindich grutte opslachkapasiteit ha, want al dy muzyk, eltse solo en pingeltsje is der by my yn fêstlein. Eins in grut wûnder. In libben sûnder muzyk? Kin my der neat by foarstelle. Kin ek net mear, want de neilittenskip fan myn jeugd is net fuort te tinken of te skrassen.

De Crash Test Dummies – MMM MMM MMM MMM? Jim meie sels betinke wêr’t dat by past. It nûmer bliuwt moai.

2.5 jier net mear smoke, in rintocht Nij Beets om

Rûke

images (1)

 

It wie hjoed waarm. Ien fan de earste echt waarme dagen fan 2015. Foar in soad minsken in dream dy’t útkaam. Foar in winterleafhawwer as my wat minder. Mar it wie moai waar om in ein te rinnen. Net om te draven, mar om te rinnen. Sûnt in pear wiken ha ik nije rinskuon en dat docht fertuten. Myn âlde wienen stikken en dat smiet blierren op. No ha ik dêr gjin lêst mear fan.

It is hast 2.5 jier lyn dat ik foar it lêst smookt ha. Foar my in dream dy’t útkaam is. Ien fan de grutte foardielen fan it net mear smoken is, dat je nei ferrin fan tiid alles wer folle better rûke. Dat is soms ferfelend, mar meastal in feest. Foaral as je op in simmerdei sa as hjoed beslute om Nij Beets om te rinnen.

Smokers sille fansels daliks sizze dat sy ek alles rûke, mar dat is net wier. Dat is omdat se der noch net oan ta binne om op te hâlden. Guon sille dat miskien nea dwaan, ik bin bliid dat ik it dien ha. Hjoed ha ik in soad rûkt op myn rintocht fan in kilometer as 12.

Fan it hiem ôf earst de diselgassen fan in pear frachtweinen dy’t swarte grûn oan it riden wienen. Doe’t ik lâns dat plak rûn en de frachtweinen wienen fuortriden, rûkte ik de grûn ek. De lucht fan in grutte buorkerij, kuil, trekkers en shovels dy’t dwaande wienen om hjir en dêr in kuilbult yn te riden. Ik rûkte de tongerblommen yn de berm, it foardroege gers, it farsk meande gers, hjir en dêr jarre. It wie waarm, op in bankje sieten twa minsken dy’t in banaan ieten. Ik rûkte dy banaan net, mar wol de sigaret dy’t de man opstutsen hie. Hearlik rûkt dat, sels nei 2.5 jier. Yn de berm lei in deade hazze, dy rûkte nei de kadaverauto’s fan de Rendac. Lokkich mar dat de lucht fan de blommen yn de berm rap de oerhân wer krige.

Ik waard ynhelle troch in ferskaat oan auto’s. Ik koe rûke oft se op disel, gas of besine riden. Ek de trekkers mei mânske ladeweinen ferspraten in mjuks oan rook. Fan útlitgas, fet en smaroalje oant it gers dat yn de weinen siet en nei de bult brocht waard. De nije brêge oer it Polderhoofdkanaal oer rûkte ik de typyske lucht dy’t by sa’n kanaal heard. Eartiids yn Oranjewâld ha ik dy rook kennen leard lâns it kanaal tusken It Wâld en De Knipe. In frou mei bernewein en twa hûnen dy’t efkes yn it wetter west hienen. Dy frou rûkte ik net, de hûnen des te mear.

Doe’t ik yn de beboude kom kaam, feroare alles. De rook fan it boerelân liet ik efter my en snúfde de rook fan de bewenne wrâld fan in Frysk doarp yn. Earst in flaach fan in yn bloei steande kastanjebeam. Doe it hite asfalt, de loft trille yn de kearn fan it doarp. De farsk ferve kezinen fan in hûs, de smaroalje fan in lytse garaazje. In reade rododendron dy’t oan de wei stiet, en de lucht fan in winkel yn bistefoer. Efkes fierderop de bekende lucht fan in hinnehok. In man mei geurtabak yn de pipe dy’t njonken syn hûs siet en sichtber geniete fan de sinne. Karbonade, in betide barbeknoei, sipels, Sineesk iten en kofje, de kulinêre rintocht troch in doarp jout in moai byld oer it konsumpsjegedrach fan de minsken.

Wer in pear hûzen fierder wie it hielendal helder dat de minsken dy’t dêr wennen hynders as hobby hienen. Ik hoegde net te sjen, ik koe it rûke. In ploechje froulju dat ik tsjinkaam wie ryklik ynsmard mei sinnebrânguod. Dat, en in oerdie oan parfum die my werom ferlangjen nei it foardroege gers. Tefolle, te bot. Mar se groeten och sa fleurich, want it wie moai waar.

Bûten it doarp wie ik werom yn de earder beskreaune boerewrâld. Mar efkes fierderop kaam dêr de skerpe geur fan de kompostearring tusken Nij Beets en Ald Beets by. Op it fytspaad werom nei Boarnburgum wie it smoarende hyt tsjin de beamwâl oan. Gjin wyn en de swietrook fan de tongerblommen moast it ôflizze tsjin smeltend asfalt en switlucht. Sa as ik al sei, meastal is it in feest, soms net.

Ik wol nea wer smoke. Al hoe lekker ek.

 

 

 

 

 

 

2 juny 2015

Wie der noch nijs?

 

It is 2 juny 2015.

Om 18.21.57 wie it folle moanne. Foar de measte minsken yn Fryslân wie dat net te sjen omdat de wolken it sicht op de blauwe loft ûntnamen.

It is 2 juny 2015.

Omdat de FBI syn spierballen einliks sjen liet is FIFA baas Blatter twongen om op te stappen. Foar dizze in frisse, mar de fraach is oft dy yn de mondiale fuotbalsport lang fris bliuwe sil.

It is 2 juny 2015.

Moarn begjint de finale fan de Stanley Cup. Net ien fan de beide teams hie ik yn de finale tocht. Ik sil dan ek mar net sizze hokker team ik tink dat winne sil.

It is 2 juny 2015.

Oer fiif dagen bin ik 2.5 jier fan it smoken ôf.

It is 2 juny 2015. Yn Fryslân begjinne guon al nei de fakânsjemodus-stân te evoluearjen.

It is 2 juny 2015. Yn Fryslân liket it dat de mûzepleach minder grut wurde sil as in jier lyn.

It is 2 juny 2015. Yn Fryslân is blykber gjin geskikte kandidaat te finen om in rede út te sprekken.

It is moarn 3 juny 2015. Gjin folle moanne mear, Blatter is noch oan de macht, de earste wedstriid wurdt wûn troch Tampa, ik sil moarn net smoke, net yn fakânsjemodus bedarje, gjin mûs sa grut as in oaljefant meitsje en gjin rede útsprekke.

It is hjoed 2 juny 2015. Op 30 maaie makke ik dizze foto. De moanne wie hast fol.

20150530_204613