Petear

Samar, op in hôf earne yn Fryslân.

 

‘Goeie. Jo ha der moai waar by.’

‘Ja, it is in pracht. Ik tocht, lit my de stien noch mar even in kear skjinmeitsje foardat de winter komt.’

‘Komt dy dan noch wol? It groeit mar troch.’

‘Ja, dêr ha jo gelyk oan. Eins moatte wy dit jier wer ris in goede strange winter ha.’

‘O, ik tocht dat ik de iennichste wie dy’t der sa oer tinkt.’

‘Nee hear. It is moai waar no, mar it is foar alles better dat der in goed stik froast komt.’

‘Aha. Moai dat der mear binne dy’t der sa oer tinke.’

‘Dy binne der wol, mar se hâlde harren stil. Myn beppesizzers ha noch nea op redens stien. Dat is dochs raar…’

‘Minsken wolle alle dagen tritich graden ha, dan kin de bbq oan.’

‘Ach dat seit dy Piet. Lit him it waar foarsizze. Dêr wurdt er foar betelle. Net om my te fertellen dat ik in jas oan dwaan moat en dat de wettersporter nachts om de ôflandige wyn tinke moat.’

‘Jo wine je nochal wat op.’

‘Fine jo dat dan in normaal waarberjocht?’

‘…’

‘No, wie zwijgt stemt toe. Ik gean nei hûs. Moai dat ik jo hjir even trof, thús moat ik tsjin de kat prate sûnt myn man hjir bedarre is.’

‘Dochs winskje ik jo in moaie dei ta.’

‘Dank je wol. En ik hoopje dat it winter wurdt.’

‘Ik ek.’

Facebookfreon

Leave Elske

Hy wie my ek al ûntfallen, dy mister X. It is al wer in skoft lyn, mar troch dyn wrede post op Facebook fielde ik wer wat ik doe fielde. De skerpe pine, it beroerd fan ellinde wêzen. Dagenlang ha ik omdoarme, nachtenlang wekker lein, flessenfol sterke drank waarden wei, alles om dy iene, allesoerhearskjende, dwers troch de siel snijende fraach. Vanwaar, vanwaar… Litte we in wurkgroep gearstalle, in taskforce, in gebedsgroep om my, mar we moatte hjir wat mei, dit grypt te folle yn op ús djipste wêzen. Sûnder help sille wy hjir net útkomme, bin ik bang. Litte we elkoar stypje yn dizze bange tiid. Do witst my te finen.

 

Mei groetnis,

 

F.

Iepenloftspul Jorwert 2016

Londen ‘68

head_home

God mei der dan neffens Geert Mak út ferdwûn wêze, dochs waard er yn de notaristún yn Jorwert sneontejûn in oantal kearen mei klam in berop op de hegere macht dien om regaad te hâlden. It wûndere wie dat er dêr geandewei de jûn ek gehoar oan like te jaan troch rûnom mei bliksem te struien en sa foar in ekstra driigjende lading te soargjen by de premiêre fan it iepenloftspul dat as namme Londen ’68 krigen hat. In stik dat makke is as de teaterferzje fan de film Made in Dagenham. Fan datselde skript is ek al in musical makke. De tematyk dêr’t it om draait is ek no noch altyd hartstikke aktueel, nammentlik gelikense rjochten foar man en frou. En de striid dy’t dêr foar fochten wurde moat om dat foarinoar te boksen, waard op de planken brocht troch in grut oantal personaazjes, mar nea rekken je it paad bjuster. In knappe prestaasje fan regisseur Tsjerk Kooistra en syn meiwurkers om it sa helder te hâlden, want al dy persoanen waarden ek noch troch faaks deselde spilers spile. Ik ha net teld hoe faak se harren ferklaaie moatte op ien jûn, mar dat komt net sa krekt. It op it earste gesicht sobere mar tige fernuftige kruipdoor-sluipdoor dekôr is it fermelden ek wurdich. It stik spilet yn en om de Ford fabriken fan Londen en ek dy fan Liverpool wurdt der even yn behelle. Froulju wurkje yn dy fabryk as naaisters dy’t foar de produksje fan de stuolbeklaaiïng soargje. En dêr krije se minder foar betelle as manlju dy’t fergelykber wurk dogge. Mei in pear dames op it goede momint op it goede plak is it sied foar in konflikt dan gau siedde. It haadpersonaazje Rita O’Grady wurdt spile troch twa spilers. Dat jout in moai ynsjoch yn de ynerlike striid dêr’t se trochhinne moat yn har krewearjen om de ferskillen tusken de seksen te sljochtsjen. In moaie fynst, dy’t krêft oan it stik jout. Deselde konstruksje mei twa spilers wurdt ek foar Rita har man Eddy brûkt, omdat dy ek nochal wat te ferduorjen krijt yn de striid dy’t syn frou oangien is. Oan de stuolspoaten fan alles dat ‘gewoan’ wie, dus de frou tsjinstber oan de man, wurdt neffens guon konservative kritikasters, lykas de bazen en ek de parse, oan seage. Oant yn it Amerikaanske haadkantoar fan Ford wurdt mei arguseagen sjoen nei wat Rita O’Grady en har folgelingen losmeitsje en klearspylje, mei in lytse mar moaie rol foar de frou fan de direkteur fan de fabryk yn Londen, dy’t nettsjinsteande har hege oplieding as in sloofke behannele wurdt troch har man en der úteinlik foar kiest om de stakers te stypjen. Underoare mei in stik klean, mar ik sil net alles ferklappe.

Nei it skoft, doe’t dus rûnom Jorwert de loft gratis en foar neat mei himelske fjoerpylken ferljochte waard, wûnen de personaazjes hurd oan krêft en djippen út. De striid foar emansipaasje waard úteinlik oant yn it Lagerhuis ta útfjochte.

Lokkich foar de taskôgers bleau natuergeweld beheind ta in ljochtshow sûnder wetter.

Londen ’68 spilet noch oant 24 septimber. Oanrieder!

De post simmershit

Ferline jier skreau ik dizze kollum. Ut resinte saken docht bliken dat er noch tige aktueel is. Ek dit jier wer. Bleehhh…

Post Fakânsje Disoarder

download

Kinne jim it fenomeen dat ik mar foar it gemak Post Fakânsje Disoarder neamd ha? It is dus net in wittenskiplik ûndersochte stoarnis foarsafier’t ik wit, mar miskien soe dat ûndersyk noch wolris moatte. De sykte duorret sawat in wike as trije, fjouwer.

It is in tige nare stoarnis. Ik sil it besykje út te lizzen. It gros fan de Nederlanners, en dus ek Friezen want dy hearre dêr no ienkear by, ha de ôfrûne tiid harren fakânsje opnaam. Dat is op himsels net ferkeard, mar wat der efterwei komt is dat yn in soad gefallen wol. De Post Fakânsje Disoarder lit him yn in ferskaat oan foarmen sjen. Sjoch, it doel fan de fakânsje is foar in soad minsken om de akku wer op te laden. Dit freeslike klisjee wurdt oandroegen as je minsken freegje nei ien fan de wichtichste redenen wêrom’t se in wike as wat fuort west ha. ‘Ja, ik ha de tank wer lekker fol,’ sizze se dan. By my geane de nekhierren dan rjochtoerein stean. In typysk gefal fan de Post Fakânsje Disoarder leit op de loer. Want dy akku, dy tank, is sa fol dat der op knappen stiet. Dan komt de Post Fakânsje Disoarder wol hiel ticht by.

It nare oan in part fan de minsken dy’t folslein opladen binne is, dat se miene ergens wat oer te seuren ha moatte. De meast ferskriklike wiken fan it jier brekke oan. Want se ha wat te eameljen oer sawat alles dat se sjogge. Is dat jim wolris opfallen?

Of begjint it no sear te dwaan of hjir en dêr wat te skjirjen omdat jim jimsels der yn werkenne? Wurde jim lilk op de kollumnist? Dat is prima.

In foarbyld: De by foarkar mei in glêd skearde plasse en yn strak pak optúgde topferkeaper komt, nei trije wike Itaalje, oan de kop ta fol adrenaline op it wurk, bliuwt fiif tellen yn de doariepening stean en sjocht it hear oer. No, bergje dy dan mar, want syn eachopslach is ien fan: ‘De earste dy’t ik no tsjinkom is swier de pineut. Dy sil ik wol efkes sizze dat ik der fanôf hjoed wer bin en dat alles no oars en better sil.’

Dy útdrukking.

Of, noch sa’n foarbyld, de minsken dy’t miene earne wat oer melde te moatten. Oer in hage, in tegel yn in fytspaad, de klean fan buorfrou, de waarfoarsizzing fan Piet, oeral oer.

Tafallich of net tafallich (tafal bestiet net) kaam it ûnderwerp ter sprake yn in petear mei in bekende fan my. Dy sei dat dit gedrach fan minsken faaks te ferklearjen is as kompensaasje foar ûnbefredigjende relaasjes, saai wurk en gefnuikte ambysjes yn kombinaasje mei de ûnmacht om dêr wat oan te dwaan. Dan wurdt in loslizzende tegel, in fjoerkoer dy’t neffens buorman krekt wat tefolle rikket of in oare lytse futiliteit samar hiel grut en ûnderwerp fan bûtenproporsjonele reaksjes yn kranten, op sosjale media en yn petearen tusken minsken.

En ik wurd dêr sa moedeleas fan.

De wiken nei de fakânsje kinne my net gau genôch foarby wêze. Want wat is der no echt wichtich yn it libben?

De Post Fakânsje Disoarder is in ferfelende oandwaning dêr’t ik it medisyn sa ien twa trije net foar betinke kin. Mar ik ergerje my der alle jierren bûnt en blau oan. It fenomeen jout him meastal del as de blêden fan de beammen yn de hjerstkleuren komme, let mar op. Dat is de tiid dat oeral de skerpe rântsjes wat fan ôfgeane. Lit it dan mar gau winter wurde. De tiid dat de minsken binnendoar sitte en de ferlieding der net mear is om je te ergerjen oan in oar syn gersmeaner dy’t lawaai begjint te meitsjen as jo krekt, nei in lange dei, mei in glês kâld drinken yn de tún je deljaan wolle, of it gestjonk fan de safolste barbekjû mei geandewei oanboazjend byhearrend dronkemanspraat.

Miskien soe in bytsje neitinke foardat je dêr, mei jo folle akku, fuortendaliks as in troch in wesp stutsen oer begjinne te skellen, beljen of skriuwen ek helpe. Eamelje oer dizze kollum is fansels wol tastien.

Sutelaksje komt werom

Fryske boeken? It glês is healfol

 

Alarmearjende berjochten oer it Frysk. De taal soe yn de skreaune foarm ta weismiten keard wêze. Tsja. Wa sizze dat? Wittenskipper Han van der Velde (whats in a name, der is ien mei hast deselde achternamme dy’t him yn de kiste omdraaie soe as er ditsoarte útspraken hearre koe)

De minsken dy’t soks sizze, binne dat de lju dy’t der wat oan besykje te dwaan, of binne it de minsken dy’t allinnich mar miene it te konstatearjen en der dan yn de media in soad opskuor mei generearje? It glês is by sokken yn elts gefal hast altyd healleech. De jeugd appt yn it Frysk dat it sta seit. Dat it fonetysk Frysk is, docht de puristen dan blykber sa’n pine dat se de handoek mar de ring goaie wolle. En de FNP makket ek al in draai. It is wat.

No, ik ha dochs wat in oare miening. De Fryske boeken binne der wol, mar se komme net by de klanten. Dêr sit in grut part fan it probleem. De pear boekhannels dy’t der noch oer binne, ha earne op in efterôf plankje noch wat guod fan Rink stean, wachtsjend op dy iene keaper dy’t dêr fansels net foar komme sil. Romrofte boekhannel Van der Velde hat hjir yn Drachten de Fryske of wol regionale planke al nei boppen en dus noch mear út it sicht transportearre. En mar eamelje dat it sa min giet. Ik hearde fan ien út it Drachtster middenstân fermidden, ien dy’t it witte kin, dat as de omset net grutter wurdt, Van der Velde de lokaasje op it Raadhuisplein oer in pear jier slute wolle. Nochris tsja… Boeken ferkeapje is net foar eltsenien weilein. En al hielendal net foar personeel dat fuortdûkt as der in klant yn komt. Dan dogge je echt yts niet goed, achte boekhannel Van der Velde te Drachten. ‘U moet u er wel even wat bijgeven,’ sa stiet grif noch yn ien fan dy Rink boeken te lêzen. Helje se mar nei ûnderen, dan kinne jim se yn de stille oerkes wol lêze en sa útfine dat der peareltsjes tusken sitte.

Myn stelling is dat it skreaune Frysk net by de klanten komt omdat it net sichtber is. De kranten miene dat de minsken it net mear lêze kinne en dus kieze se de maklikste wei en kalkje, kopiearje plak en knip de deistige Hepkema’s  mar fol yn it Hooghaarlemmerdijks. En dan nei in pear jier sizze dat it achterút giet mei ‘Het Fries’, dat, nei nije moade hast altyd tusken skrapkes stiet, want ja, it is wol wat konfrontearjend om dy pear minsken dy’t de krante noch lêze mei de twadde rykstaal yn oanrekking komme te litten. It hat njonken in mispleatste reklameslogan net folle mear mei ús taal te krijen, dat krantelânskip.

Wolle de minsken dan gjin Frysk mear lêze? Jawis wol. Mei it risiko dat ik daliks foar in folslein âlderwetske romantikus útmakke wurde sil, wol ik jim even meinimme nei septimber 2014. Dat is twa jier lyn, dus sa wreed giet dat no ek wer net. In stel cowboys en cowgirls mei as thúsbasis Bitgum, allegearre Frysk praters, ferkochten doe yn ien moanne foar mear as €30.000 oan skreaune Fryske boeken. Mei help fan frijwilligers dy’t in kwart fan dy omset op harren rekken krigen ha, en der leuke dingen mei dwaan koenen. Ja, ik ha it oer de sutelaksje fan Stifting Tsjil. En ik ha nijs. Jannewietske de Vries, dy’t doe deputearre wie en har opfolgster Sietske Poepjes, seagen it belang fan dy ferkeap. Yn tige goed oerlis mei de amtners fan de provinsje Fryslân is besletten dat dy sutelaksje der wer komme moat. Partijen dy’t der al binne wurkje dit jier gear en de earste doarpen ha al tasein dat se meidwaan wolle. 24 juny is de ôftraap yn Warten/Wergea. By dizze nûgje ik wittenskipper Han van der Velde en it personeel fan boekhannel Van der Velde út om by dat barren oanwêzich te wêzen en de hân oan de kroade te slaan. Meitsje wy der in moaie heppening fan. Mei de glêzen healfol.

 

In pear foto’s mei in ferhaal út Siberië

Jenisej

20160430_105401

De sille grif in soad Friezen wêze dy’t nea yn harren libben sa gek wurde sille dat se pikefel krije by it sjen fan in rivier. Ik hear net by dy grutte groep normale minsken. Ik hie it nammentlik wol doe’t ik (foar de earste en grif ek foar de lêste kear) mei eigen eagen de Jenisej (Енисей) seach, djip yn Siberië. Net samar in rivier, mar it grutste systeem fan wetter dat yn noardlike rjochting streamt, op wei nei de mûning yn de arktyske Karasee. Doe’t ik in wike as wat lyn oan de igge fan dizze majestueuze stream stie, moast ik mysels efkes yn de earm knipe oft it wol wier wie, mar dat wie al sa. Net dat ik ek mar in drip wetter sjoen ha, want der lei twa meter iis yn. Mei de Ob en de Lena op respektabele ôfstân is de Jenisej fierwei de wichtichste stream yn Siberië. Hy ûntspringt yn Mongoalië, ien fan de wetters dy’t oan de boarne leit, rint by de Mongoalyske haadsted Ulaanbaatar del. Net in lullich rivierke, hear, yn de list fan langste streamen op ierde stiet er op it fiifde plak mei 5540 kilometer. Dat is hast krekt sa lang as myn reis fan Boarnburgum nei it uterste noarden fan Siberië, om jim in idee te jaan fan hoe’n ein dat is. Iis en snie, sa seach de Jenisej der út. Ein maaie, begjin juny komt der in troch atoomenerzjy oandreaune iisbrekker om derfoar te soargjen dat de rivier befarber wurdt. Dan sil Dudinka, de stêd dêr’t ik wie, ek wer berikber wurde oer it wetter. Dat is hy no ek wol, want der ride auto’s oer de beferzen flakte, mar foar it ferfier fan fracht binne skippen nedich. No stienen de havenkranen dus stil, as misfoarme gedrochten yn in surrealistyske wrâld dêr’t gjin skip te sjen wie.

20160430_122521

Lenin seach fansels it hear oer en ik hie pikefel. Net omdat it min 17 wie, mar omdat ik op it punt stie it ultime doel fan myn reis te besykjen. Ek wer in plak dêr’t de measte normale minsken nea oan tocht hienen, mar ik bin dan ek net normaal. Dat blykte wol dy dei, ik bedarre mei twa rindierhâldsters yn in tinte,

20160430_113054

seach in baby mammoet mei ien slachttosk dy’t se in jier as wat lyn fûn hienen yn de permafrost fan de toendra yn de buert fan Dudinka en iet foar it earst droege rindier. (lekker!)

20160430_111319

 

In oere letter wie ik yn in besit fan in shirt fan de Dudinka iishockeyklup, stie ik op it iis fan de Taimyr iis arena om in Russysk hockeytoernoai te iepenjen yn de meast noardlike iishal fan de wrâld en harke nei it Russyske folkslied. Ik sil mar gjin poging dwaan om alles út te lizzen, want ik leau it eins sels ek noch net. Mar it is wol bard, want lokkich ha we de foto’s noch. Al mei al in dei dy’t ik net sa maklik ferjitte sil.

20160430_130609

In shirt fan Dudinka hockeyklup. Soe der yn Fryslân of Nederlân noch ien wêze?

20160430_131733

 

En foar de grap woenen in pear spilers út Kayerkan ek noch mei my op de plaat. Dy meast linker op de foto moatte jo gjin spul mei krije, mar ik bin freon foar it libben mei him wurden omdat er Ingelsk koe en dat wie net foar in soad weilein dêr. Wat in meunster fan in keardel!

20160430_141932

It mearke fan de guos

 

Tafal bestiet net

Der wie ris in man. Hy wie hast fjirtich en stie op in krúspunt yn syn libben. Wat soe er eins wurde as er grut wie, spoeke him troch de holle. Soe er om in wylde tattoo út? In motor keapje? In oare frou sykje? Syn ûnrêst utere er troch syn tinzen op papier te setten. Dat slagge earst net sa goed, mar geandewei krige er de smaak te pakken. Hy skreau absurde ferhaaltsjes en levere de kopij anonym yn foar de doarpskrante. Mar dy woenen op in stuit syn stikjes net mear pleatse, omdat se witte woenen wa der efter dy ferhalen siet. De man woe net dat se dat wisten en siet ferslein efter de kompjûter. Wat moast er no. Jûnen lang swalke er oer de wrâld mei Google Earth. Hy klom de heechste bergen op, backpakte sabeare yn Australië, seach wêr’t de Inca’s wennen en doarme troch Yellowstone en de Rocky Mountens. Doe’t er dêr oankaam wie, seach er de smelle ferbining tusken Alaska en Ruslân. De Beringstraat, mei yn it midden it eilân Diomede. De man fernuvere him hoe ticht de beide grutste machten op ierde eins by elkoar leinen. Hy seach, doe’t er goed seach, de hûskes fan Uelen en it mei in waas oerdutsen eastlike part. Dat soe wol betsjutte dat dêr ôflusterposten stienen dy’t nimmen sjen mocht. Stadich scrolde de man fierder en rekke betsjoene troch de bylden en sparsume foto’s dy’t hjir en dêr te sjen wienen oan de Russyske kant fan de Beringstraat. Der barde wat. Hy skreau net mear, mar begûn te studearjen. Alle jûnen beseach er minusjeus de ûnmjitlike flakten, rivieren, marren en bebouwing dêr’t er sa folle mooglik op yn zoomde. Der ûntstie in fassinaasje foar alles dat eastlik en noardlik fan Moskou lei. Hy liet de ûnderseeboaten yn Moermansk oan him foarby komme, ferkende de strjitten fan Archangelsk en gie stadich fierder nei it easten. Oant er oan de mûning fan de rivier de Jenisej it plakje Dikson fûn. Hy betocht de talleaze kearen dat yn de púzel fan de krante de opjefte : Rivier in Rusland stien hie. Ob, Lena of Jenisej wienen dan de meast foar de hân lizzende antwurden. Hy gie firtueel de rivier del en bedarre yn Koerejka. Dêr stie in ferwizing nei Wiki. Hy learde oer it ferbanningsoard dêr’t Stalin sitten hie en seach dat der in monumint foar de diktator stie. Syn fantasij gie mei him op de rin. Hy bedarre yn plakken dêr’t er noch nea fan heard hie. Dundinka, Igarka, Norilsk, Kayerkan en Talnach. Der wie hast neat oer bekend, omdat der eins gjin minsken kamen. Hy fantasearre oer de krite en op in dei begûn er der oer te skriuwen. Samar. Hy skreau en skreau oant er in hiele protte op papier hie. En hy betocht dat er it syn frou lêze litte woe. Dy fûn it aardich. Net om syn moaie blauwe eagen, mar om it ferhaal. Nei oardel jier buffeljen oan it manuskript ferskynde der op in stille sneontemoarn in boek. Titel: Guozzeflecht. Omdat de man dat gewoan in moaie titel fûn, oars nergens om. No ja, en omdat er stikem wolris tocht dat de guozzen út Fryslân dêr briede soenen. Hy wie grutsk op syn boek. Hy skreau der noch in pear. Mar earne yn syn achterholle bleau de fassinaasje foar de krite dêr’t er op Google earth fereale op wurden wie. Stadich kaam by him it besef en de oertsjûging dat er dêr hinne moast. Nimmen wist dat, mar hy ferdjippe him der yn. De opdracht like kânsleas. Hast nimmen fan bûtenôf mocht dêr hinne, omdat it in sletten krite wie. Der barden saken mei erts en koalen, it gebied wie tige fersmoarge, kâld ûntagonklik en net oanloklik foar wa dan ek mar. Utsein: foar de man dy’t der in boek oer skreaun hie en mei de dei nijsgjirriger waard. Hoe en wat? Hy wist it net. Fan de flier op de souder. Fan It Amelân nei in ‘muoilik’ lân en dan ek noch in krite dy’t eins net iepen stie foar frjemden. Mar wat net mei, wurdt mei de dei oantrekliker. Hy biet him der yn fêst. En ja, hy krige it mei help fan oaren klear om der hinne. Nei in oantal jierren stille tarieding wie in dan echt safier. Op in dei fleach er nei it oard dêr’t er fan dreamd hie, dêr’t er oer lêzen hie, dêr’t er stomme graach mear oer witte woe. Alles nei oanlieding fan it oerstekken fan de Beringstraat.

Hy bedarre yn in folslein oare wrâld. Syn plannen dêr’t er mei oan it wurk woe, slaggen. Research dwaan. Mar doe barde it. Hy hie in ultym doel oan syn reis ferbûn. Hy woe de noardlikste iishal fan de wrâld besjen. Dy hal lei yn Dudinka, oan de rivier de Jenisej. In plak dat der al folle earder wie as alle oaren. Dêr yn Dudinka, sa tocht er, soe syn haadpersoan fan in nij te skriuwen boek wolris wenje kinne. Hy gie in deilang nei Dudinka. Mei syn tolk. En hy seach mei eigen eagen syn reisdoel. De nije iishal fan it fiskersstedsje. Doe’t er dêr kaam wie it as dreamde er. De direkteur hjitte him wolkom en hy mocht sels in te spyljen iishockey toernoai iepenje. Hy fage troch syn eagen, mar hy stie dêr echt as man fan 47 op in iisbaan yn Dudinka in Russysk iishockey toernoai te iepenjen. Hy tocht werom oan it skriuwen en bodzjen op de tekst fan Guozzeflecht en betocht dat it it allegearre wurdich west hie. Syn dream kaam hjoed út. It mearke soe no dien wêze moatte. Mar dat is it net. Hy krige nammentlik in kado fan de direkteur. In iishockeyshirt. Dêr wie er tige bliid mei. Syn reis wie slagge en hy kaam werom yn Fryslân mei in soad oantinkens oan de krite dêr’t er no net allinnich fereale op wie, mar hy hie der sels in date mei hân. En hy libbe…

Nee. It ferhaal is net dien. Want doe’t er thús kaam en syn tas útpakte, seach er it noch net. Hy liet fleurich it shirt oan frou en bern sjen, socht in hinger en hong syn trofee oan de wand. It shirt fan Dudinka hockeyclub.

Tafal bestiet net.

Doe seach er it ynienen. It logo dat op it shirt stie. 6000 kilometer fierderop is in hockeyklup. Yn in krite dêr’t de man in fassinaasje foar hat. Mar nea, echt nea hie er tinke kinnen dat it logo fan dat iene shirt dat er krige, djip yn Siberië, der sa út sjen soe. Dudinka hockeyklup hat as logo: In guos.

13140839_10208231463497601_1181817092_n

Fragmint út Guozzeflecht

Норильск

Wêrom, sille jim sizze, wêrom in fragmint út myn debútroman op Stikelstekker? No, as jimme dat witte wolle, soe ik moarnier mar even nei Omrop Fryslân harkje. Want dy hat de echte primeur. 06.45 live op de radio en tsjin njoggenen in koarte weromblik. Tipke fan de sluier: Norilsk.

In soad wille mei it lêzen fan dit koarte stikje út myn earste boek.

…De oare moarn om seis oere hinne sieten de twa achter in opslachloads op it kâlde treinekompleks. Yn de nacht wienen se yn in âld boatsje de rivier ûnder Doedinka oerstutsen.  Alderhanne wagons en lokomotiven stienen as in mozayk kris kras trochelkoar. It hiele terrein waard mei grutte lampen ferljochte. In kliber folk rûn sa te sjen as in kyp sûnder kop fan de iene nei de oare wagon.

Jan koe der gjin tou oan fêstknoopje. ‘Hoe witte we no wêr’t wy yn moatte?’

‘Rêstich bliuwe, it wurdt fansels dúdlik.’

‘Giet dat hjir elke nacht sa?’ Jan siet der fernuvere nei te sjen.

Jari knikte. ‘Sa, dat is ús trein.’

Neidat de rige yn de goede folchoarder brocht wie sette it folk ôf.

‘Dy geane op bêd, sa te sjen. Dat soe foar ús ek net ferkeard wêze,’ sei Jan.

Krekt oer seizen slûpten de twa nei in wagon dy’t harren gaadlik like en klommen deryn. Hiel stadich kaam de trein op gong. ‘Sa, no giet it fansels.’ Jan hie it noch net sein of mei in skok stie it hiele spul wer stil.

‘Wat no wer?’ Jari skode de doar iepen en seach by de lange rige wagons del. Sa stil as it koe die er him wer ticht.

‘Is der wat?’

‘Stront oan de knikker! Allegearre soldaten.’

Jan loerde troch in gat dêr’t in planke ûntbruts de oare kant fan de trein del. ‘Se binne oeral!’ Hy hifke de opsjes. ‘Mei in útfal berikke we net folle, dan ha wy de hiele ploech achter ús oan.’

Jari siet tsjin de kant en blaasde tusken de tosken de longen leech. Hy liet de holle achteroer sakje. ‘No, dit is wol in dom ein, sa hie ’k my dat net…’ Hy makke de sin net ôf. ‘Sjoch!’ Hy wiisde nei it dak fan de wagon. Der siet in lûk. Jan luts in kiste oan en besocht it iepen te dwaan. Mei in soad gepiip slagge it. ‘Nei boppe. As se dizze wagon hân ha, wer deryn en hoopje dat se net weromkomme.’

‘Dy gok moatte wy nimme.’

Jan seach noch in kear nei bûten. ‘Se binne al healwei. Opsjitte!’

Har bepakking setten se earst op it dak en doe krûpte Jari derop. Jan skode de kiste wer op it plak dêr’t er stien hie en sprong nei de hannen fan Jari. Dy hyste him omheech. Se leine beide plat op it liif. De soldaten kamen fluch tichteby.

‘Dat lûk pipet te bot,’ flústere Jari.

Jan wie efkes yn berie mar hie wol yn ’e gaten dat it iepen lûk net te missen wie by de kontrôle. Hiel foarsichtich gie er op de knibbels sitten en hy pisse de skarnieren wiet. Foarsichtich wipte er it lûk hinne en wer oant it focht ta de rustige ferbining trochkrong. Stadich, hiel stadich, sûnder lûd te meitsjen sakke it lûk ticht. De doar oan de sydkant fan de wagon waard iepenraamd. Jan liet it lêste kierke tichtfalle. It mocht dan licht frieze, it swit dripte him fan de holle op it daklear fan de wagon. Hy gie wer plat op it liif lizzen. It gesicht fan Jari wie in mingeling fan eangst, ferbjustering en bewûndering. Hy stuts de tomme omheech. Jan fage it swit fan de foarholle. Twa soldaten kjimden de wagon út en makken dêrby gjin heal wurk, alle lading waard iepenbrutsen en neisjoen op ûngerjochtichheden. Sa te hearren wie alles ynoarder, de doar gie wer ticht. Jan en Jari lieten har yn de wagon sakje, it like mei in sisser ôf te rinnen. Harren wagon wie ien út it middelste stik fan de trein. It duorre noch in skoft foar’t de soldaten alles trochsocht hienen. Oan de ein fan de rige spoarweinen klonk geraas. Jan kipe troch it gat yn ’e wand. Op de kâlde grûn siet in man dy’t se blykber yn ien fan de lêste wagons fûn hienen. Hy hie de hannen yn ’e nekke en waard troch twa man ûnder skot holden. Trije offisieren kamen by de trein delrinnen. De wagon dêr’t de man ynsiet, waard nochris ûndersocht. De soldaten namen him mei, se rûnen nei de foarkant fan de trein en passearren de twa yllegale passazjiers. Jan skrok doe’t er it mei groeden tekene gesicht fan Vladimir seach. Hy hie in dreun op ’e holle krigen, it bloed streamde by de hals del de klean yn. Jan liet him op de flier sakje mei de rêch tsjin de wand fan it treinstel. Hy sleat de eagen en besocht de gedachten te oarderjen. It slagge net.

De trein stie noch in healoere stil. De krite waard stadich rêstiger. De soldaten hienen har fangst binnen en marsjearden yn gelid ôf mei Vladimir yn har midden. Mei in hipke kaam de gong wer yn de lange rige wagons.

‘Wat bist wer ferrekte drok,’ sei Jan.

Jari kaam oerein. ‘Ik sil it dy mar earlik sizze, ik ha hast yn ’e broek skiten, sa benaud wie ’k.’

‘Kin ’k my yntinke.’ Hy kloppe him op ’t skouder. ‘Dit wie tichtby.’

Jari lake. ‘Knappe fynst, skarnieren wietmige.’

‘Kontrolearre pisje, hjit dat.’

‘Yn ’e oplieding leard?’

‘Nee, sels betocht. Noch in gelok dat ’k him fine koe yn dizze kjeld. Wannear moatte wy derút?’

‘Foarby Norilsk, de kant fan Talnach in ein út. Der leit in grutte spoarbrêge oer de Norilskrivier.’

‘Stoppet de trein yn Norilsk?’

‘Dat ferskilt, de iene kear moat alles opnij yn folchoarder brocht wurde, de oare kear toffelt it spul sa troch.’

It wie in oere as twa yn de middei, doe’t de trein neieroan it mânske stasjonsgebiet kaam. Hy mindere gjin gong. It hiele spul skode tusken tsientallen stilsteande wagons op lytse stikjes spoar troch. Nei in healoere lei Norilsk achter har. ‘Dit liket derop, gjin ferfelende kontrôleboel,’ fersuchte Jari.

‘Mei it ús ek in kear meisitte?’ Jan stuts ien op en postearre him sa dat er troch it gat yn ’e wand fan de wagon nei bûten sjen koe. ‘Hoe fier foar’t wy derút moatte?’

‘Oardel oere, ha ’k it op.’

Jan liet de dingen dy’t by it op de trein stappen bard wienen, nochris yn him omgean. Fan alle minsken dy’t er dêr ferwachte hie, wie Vladimir wol de lêste. As er de boel yn Igarka al bedondere hie, hoe kaam er dan op in stasjon yn Doedinka? Wat wie echt en wat foar rol spilen Pjotter en it leger? Hienen se Vladimir frijlitten en har letter betocht, of wie er ûntsnapt? En dan fansels Vladimir de earste. Wêr soe dy no sitte? Jan syn gedachten dwaalden hinne en wer, mar in patroan koe er net gewaarwurde. It ienichste wêr’t er aardich wis fan wie, wie dat er mei in kastrearre Fin yn in trein siet. In moai ein it easten fan Ruslân yn. Sels dat Jari syn spul der net mear oansiet, koe er net mei wissichheid sizze. Syn motto, earst sjen en dan leauwe, woe er dizze kear lykwols mar mei in kerrel sâlt nimme.

Tsjin fjouweren seach Jan dat Jari syn rûtekaart kloppe as in bus. De trein mindere faasje, in lange bocht yn ’t spoar soarge derfoar dat it spul rjocht foar in lange brêge oerkaam. Jari wie yn sliep fallen, it frege nochal wat ynspanning om him wekker te krijen. ‘Ferdikke, hoefier binne wy?’ Hy gappe lang en mei in soad leven. Troch it gat yn de wagon seach er nei bûten. ‘Krekt, hjir is ’t .’

De doar oan de linkerkant skoden se iepen. Trochdat de bocht nei rjochts gie, koe ien dy’t sa snoad wie en hâldt de trein fan út de lokomotyf yn ’e gaten nea sjen dat se derôf sprongen. Jan syn skinebonke kaam tsjin in skerpe râne fan in stien. Hy flokte fan de pine.

‘Alles goed?’ Jari kaam hastich oan rinnen.

‘Ik leau dat it tafalt.’

Hy skuorde de bokse omheech, it blette al, mar brutsen like it net te wêzen. ‘Dat fielt net noflik!’

Jari griep nei Jan syn bepakking mar dêr woe er neat fan witte. ‘Hjir mei dy rotsoai! Dat kin ik sels wol.’

De trein ferdwûn yn ’e fierte. It lûd feroare doe’t er oer de spoarbrêge dindere, dêrnei gie it yn de gewoane kadâns fierder. De mannen folgen it spoar, oant se sawat oan de rivier ta wienen. Se setten har oan de kant tsjin in beam en wachten oant it tsjuster wurde soe…

Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK

Vrolijk Pasen

 

Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. Hmmm. Gjin papier te sjen, net yn de foarste en yn de achterste klep, foarsafier’t ik yn de yngewanden fan myn Canon MX895 printer sjen koe. Yn de achterklep sitte sluven, yn de papierbak oan de ûnderkant gewoan A4 printpapier. Alles kreas en gjin ferfrommele stikken der yn. Wol wat stof, want dy dingen frette stof. Earst mar ris útblaze. Kompressor der op, alles wer stoffrij. Nije poging, yn goed fertrouwen dat er it no dan wol wer dwaan sil. Knopke ON: nei trije tellen de melding: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. Ja, dy hie ik al earder sjoen. Stadich begjinne te switten, want ik kin der net oer dat de brut it net docht. Noch in kear besykje, in ynstruksjeboekje is der net, want dy smyt ik altyd mei de ferpakking fuort, ta grutte ergernis fan myn hûsgenoaten. Klear, ik fyn neat oan boekjebrut mei ynstruksjes. Mar no hie it wol maklik west. Okee, stikem noch in kear oan en út. Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK. ‘Heit moat him net oan barrels slaan, hear,’ seit de âldste. Se kin my in bytsje. Stoom út de earen, der is echt gjin papier te sjen en dochs moat ik papier ferwiderje. Vrolijk pasen ferwurdet yn de freeslikste senario’s. Want ik wol, sil en moat hjoed noch printsje kinne. Gjin dea guod baas en in Fries knibbelet allinnich foar God. No, dizze Fries hat ta trije kear ta op knibbels lein om de stekker der yn en wer út te dwaan, dy sitte op in plak dat it net yn it sicht leit, want it each wol ek wat. Folslein idioat fansels, funksjoneel is altyd better, mar ek dat is op sa’n momint net oan de oarder. Jo flokke binnensmûls hiel wat ôf, gedachten oan noflik mei in foarhammer op dy printer omhouwe en dan nochris dogge opjild. Vrolijk pasen.

‘Moatst it efkes googelje, miskien is der noch wol ien dy’t it probleem hat,’ is it folgjende goede advys fan it meitinkende panel. Okee, dat kin ik wol besykje. Sykopdracht: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK Canon MX895

Witte jim hoefolle types printer Canon hat? Tsss… Der wie oars al in heldere geast dy’t wat opskreaun hat.

Solution:
1. I took a thick piece of paper, from like a paper folder ones, thick enough to go in the printer and not curl up when pushed..
2. turned off the printer and turned it back on.
3, while printer was turning on,and makings sound as it does normally when turning on, I pushed through the piece of paper and the rotors stoped for a millisecond.
4.the rotors started again and pushed out the paper by it self with out my force.
5. I let the printer get started. and then turned it off and then on.
6. this solved all of my problems.
this was the first problem ever with this printer in 3 years.,preety good printer.

good luck…

 Right. Ik ha in stik papier krigen. Yn de achterklep en hupsakee. Fol goede moed op it ON knopke drukt. Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK

Minder en minder vrolijk wurde de peaskedagen op dizze wize. De foarhammer leit yn de bus en ik ha de kaai hjir net, mar oars? ‘Wat no as ik net de achterklep mar de ûnderklep besykje? Sa’n ding kin ek in minne dei of begjinnende Alzheimer ûnder de lea ha?’

Sa sein sa dien. Fol ferwachting op ON drukke dan mar. Nei trije tellen: Papierstoring achterklep. Verwijder papier en klik OK.

GRRRRRRRRRRR!!!

Ik knikte begripend en klikte foar de 100e kear op OK. Gewoan om it rotgefoel noch wat oan te boazjen en my geastlik ta te rieden op in nije printer-oankeap. De printer tocht hiel goed nei, draaide it papierke der út en alles wurket wer. Prima apparaat, dy Canon MX895.

images (2)

 

Open brief aan staatssecretaris Eric Wiebes

Geachte heer Wiebes,

Als ik dit schrijf is het 05.33 in de ochtend. Vandaag vier ik mijn verjaardag, ik ben 47 geworden. U hoeft mij niet te feliciteren, want ik heb al een cadeau van u gekregen. Een slapeloze nacht. Dank daarvoor, want het geeft me nu de gelegenheid om deze brief aan u te schrijven, voordat ik zo meteen gewoon aan het werk ga. Misschien dat u de moeite wilt nemen om hem te lezen, de boodschap is aan u gericht.
Sinds 2003 ben ik werkzaam als beheerder van een aantal begraafplaatsen. Dat is een mooie, maar ook intensieve functie, die naast fysiek, ook mentaal het een en ander vraagt. Geen probleem, ik vind het dankbaar werk om mensen te helpen, ook als het met de eindigheid van het leven te maken heeft.
Ik heb een lieve vrouw die op dit moment helaas geen werk en/of uitkering heeft en twee mooie dochters, die 14 en 17 zijn en alle twee op het gymnasium zitten en later willen studeren. Ik werk hard en veel om ons gezin draaiende te houden, dat lukt tot nu toe prima. Het beheer van de begraafplaatsen doe ik als ZZPer. Een beroepsgroep waar ik toe behoor en me thuis in voel. Het geeft me de mogelijkheid om mijn tijd in te delen en zo efficiënt mogelijk de werkzaamheden uit te voeren.
Nu de slapeloze nacht. In het jaar 1983 werd onder toenmalig minister Gerrit Braks de superheffing ingevoerd. U weet wel, die moest de boterberg bestrijden. Nu was het zo dat ik al jong besloten had om mijn vader op te volgen als veehouder. Boer worden was mijn passie, om het in begrijpelijke taal te zeggen. Helaas hadden mijn ouders in het kalenderjaar waarin de hoogte van de te produceren melkhoeveelheid werd bepaald, een beroerd jaar met ziekte in hun veestapel. Het quotum viel zeer laag uit. Zo laag, dat ik als bijna afgestudeerd boer in de dop mijn toekomst in elkaar zag vallen. De politiek bleek niet bereid om op individuele gevallen in te grijpen. Noodgedwongen moest ik mijn hele leven dat ik voor ogen had, omgooien. Dat was de eerste keer dat ik de politiek als een log apparaat zag, dat niet het vermogen had om de burger, waar ze toch de belangen voor zou moeten behartigen, in maatwerk bij te staan. Ik heb tot het jaar 2001 in loondienst gewerkt. Helaas raakte ik met een fikse burnout in een uitkeringssituatie. Dat vond ik zo verschrikkelijk dat ik alles heb aangegrepen om weer aan het werk te komen.
Langzamerhand kreeg mijn ZZPschap vorm en was ik weer in staat om voor mijn gezin te zorgen. U weet niet hoe fijn ik dat vond. De dag dat ik tegen het UWV kon zeggen dat ik hun dankbaar was voor wat ze voor me hebben gedaan maar dat ik me nu zelf weer kon redden was een van de mooiste uit mijn leven. Als zelfstandige zonder personeel heb ik de afgelopen 14 jaar een mooie tijd gehad, waarop ik trots mag zijn. We, ons gezin, redden ons prima. Ook mijn opdrachtgevers hebben geen klachten. Een mooie, stabiele situatie.
In Nieuwsuur van afgelopen zondag bleek dat daar binnenkort wel eens een fikse verandering in zou kunnen komen. De 900.000 ZZPers in dit land zijn schijnbaar een probleem.
Meneer Wiebes, zou u mij kunnen vertellen waarom ik een deja vu gevoel krijg met een hoog 1983 gehalte? Weet u, gister had ik het er met mijn vrouw over. Als de politiek mij voor de tweede keer mijn toekomst ontneemt omdat ze niet in staat is om maatwerk te leveren, weet ik niet hoe het verder moet.

Ik ben vandaag 47 jaar geworden, heb stabiele werkomstandigheden, maar hangt mij een zwaard van Damocles boven het hoofd? Niemand zit op iemand van 47 te wachten, dat weet u ook wel. Al deze jaren heb ik naar de huidige situatie toegewerkt, ik heb er veel voor gedaan. Krijg ik van u naast deze slapeloze nacht het vooruitzicht op een bijstandsuitkering in plaats van een bloeiend ZZPschap als verjaardagscadeau?
Misschien kunt u bij mij de diepe onrust over de toekomst van mijn gezin wegnemen door mij uit te leggen hoe u deze situatie waarin niet alleen ik, maar talloze andere hardwerkende ondernemers zitten, wilt aanpakken?

U bent van harte welkom bij ons in Boornbergum.

Met vriendelijke groet,

Ferdinand de Jong

ZZPer
Schrijver
Columnist
Presentator
Deel dit bericht aub.