No life without music

In libben yn soundbites

download

 

It earste ljipaai dat ik fûn wie doe’t de Australyske band Man At Work mei harren grutte hit Down Under yn de top 40 stie. De earste kear dat ik smoarfereale wie, koenen je de radio net oansette of jo hearden Don Henly mei The Boys Of Summer. John Sedaka syn Just Another Day ha ik ek in oantal spesjale dingen oer opslein yn myn ûnthâld, dy’t ik hjir net opskriuwe sil. Abba harren Fernando sil altyd ferbûn bliuwe mei de freeslike droechte fan 1976, doe’t it lân fan ús pleats yn Oranjewâld sa read as in kraal wie en heit út klearebare idioatens syn snor groeie liet. Troch oantrunen fan myn sus hie dy opstiging mar in koart libben. Letter dy winter kochten wy earste klasse Dútsk hea, dat nei ôflevering striemin bermhea blykte te wêzen. Mar Fernando sil ik altyd yn myn gedachten hearre as it dêr oer giet. Net Dancing Queen, dat in folle gruttere hit wie, mar Fernando.

De sniestoarm? Dreadlock Holiday fan 10CC. Wie al in healjier út, mar dochs is dat it nûmer dat opkomt as it oer dy dagen yn febrewaris giet. Dat, en de trochrinnende útstjoering fan de Fryske omrop. Oft dy doe RONO of Radio Fryslân hjitte? Gjin idee. Ik hear 10CC as it oer de sniestoarm giet. It jier dat ‘wy’ Europeesk kampioen waarden wie Tracy Chapman har jier mei it prachtige Fast Car. ‘Ja, dat is een goed stel hoor?’ Nee. De drôve eagen fan Tracy. Folle moaier.

De Stanley Cup finale 1987 waard behearske troch de suskes Ann en Nancy Wilson mei harren band Heart en net troch de dielnimmende teams. It nûmer: Alone. Hjir kom ik miskien noch wolris op werom. 🙂

Sa kin ik wol trochgean. Gjin idee oer it jiertal, mar wol oer de muzyk dy’t by in barren heart. En alle teksten daliks meisjonge (?) kinne. It brein moat wol in ûneindich grutte opslachkapasiteit ha, want al dy muzyk, eltse solo en pingeltsje is der by my yn fêstlein. Eins in grut wûnder. In libben sûnder muzyk? Kin my der neat by foarstelle. Kin ek net mear, want de neilittenskip fan myn jeugd is net fuort te tinken of te skrassen.

De Crash Test Dummies – MMM MMM MMM MMM? Jim meie sels betinke wêr’t dat by past. It nûmer bliuwt moai.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *