Kola-aspiryntsje

Meganijs is âld nijs

download (1)

Grut nijs hjoed. Goed nijs ek noch. Spitich dat it âld nijs is. Stokâld. Mar it hat grif in berch jild koste, dus is it nijs. Wat is it gefal? Medisinen tsjin kanker losse better op en wurkje dus better as je se mei kola ynnimme. Betinkst is dat je wol de gewoane kola brûke moatte, de light fariaasjes wurkje net. Mei dizze ûndersiken yn it Erasmus MC ha de ûndersikers baanbrekkend wurk dien dat ynternist oncoloog Ron Mathijssen syn plakje yn de skiednisboeken opleveret. Ik gun it de man fan herte. Mar hy hie hjir op it Fryske plattelân ek gewoan freegje kinnen wat it effekt fan kola mei medisinen is. Hie grif minder jild koste. It is nammentlik in publyk geheim dat as je pine yn de holle ha, in aspiryntsje ynnaam mei kola fierwei it bêste wurket. Dat ha se my ferteld doe’t ik in jier as fyftjin wie en krekt wat tefolle bier opsûpt hie. It wolbekende buiske Chefarine 4 brocht útkomst. Dat mocht doe noch, komasûpers hienen wy noch nea fan heard. Doe wie der noch gjin kola light, mar wol greauwen en riezel. Krekt wat in oare tiid. Mar om no te sizzen dat se yn Rotterdam it stopjern útfûn ha mei harren kola ferhaal giet my wat te fier. Ik bin allinnich bliid dat de medisinen tsjin dy aaklige sykte miskien better wurkje as je it mei kola ynnimme. Neam it mar in nuttige werûntdekking.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *