In the year 2045

In the year 2045

download

Yn it jier 2045 bin ik 76, as ik it meimeitsje mei. Dat is neffens de hjoeddeistige sifers de leeftiid fan in jongkeardel. Wy wurde allegearre stokâld, de bern dy’t no yn de widze lizze, sille, as se sûn bliuwe, samar tachtich wurde. Dizze wike kaam ik in tweet tsjin wêryn’t wittenskippers út it Pentagon harren brainstoarmjen oer de wrâld yn 2045 út de doeken dienen. Rûchwei komt it hjir op del: wy hoege aanst sels neat mear te dwaan, want der binne robots en masines ûntwikkele dy’t it wurk foar ús dogge. Wy kinne ús dus mei in miljard as acht, njoggen dwaande hâlde mei al mar âlder te wurden en gjin sek út te fieren. Der binne gjin piloaten mear nedich, want yn neifolging fan de laffe militêre wize fan bommen smite en sa oarloch fiere, sille wy ús ek troch drones fan it iene nei it oare plak ferfiere litte. Auto’s ride sels, hoe wy ek neat mear oan te dwaan. No is dat in útkomst, as se dy dingen dan mar opdracht jouwe om wat op te sjitten, want yn ús oanharke lân is van A nei B tsjintwurdich ien grut útsteld orgasme. En mar ynhâlde, remje en de saak opkeare. Moai foarbyld is de hertkwaal feroarsaakjende griene weach op de Overijsselse Weg nei Ljouwert ta, dy’t dus net wurket, mar dêr ha ik it al ris oer hân.

Ha jim wol troch wat dit betsjut, al dizze ûntjouwings? Piloaten? Oerstallich. Want se sizze wol dat der altyd ien as backup mei giet, mar ik wik jimme dat se dy ek wol slite wolle as de technyk it talit. Minsken dy’t piloaten opliede? Oerstallich. Autorydskoallen? Oerstallich, want de auto’s ride sels. Jo sizze tsjin jo spraakherkennende kompjûter yn it dashboard, as jo op de stoel sitte en de riem om dien ha yn opdracht fan jo pratende Tesla, dat jo nei beppe wolle. Dat ferbynt dy kompjûter dan mei in adres dêr’t je earder wol west ha en hupsakee, dêr toffelt it saakje hinne. Jo kinne dan moai even appe mei ien fan de oare wrâldboargers dy’t ek foar lul sit yn in selsridend weintsje, ûnderweis nei wit ik wêr hinne.

In soad wurk wurdt troch in robot dien, sa foarsizze de ûndersikers yn it Pentagon. Jo kinne yn ’e hûs troch allinnich mar nei te tinken opdrachten jaan, want der sitte yntiids ymplantaten yn jo holle, dy’t digitaal registrearje dat it tiid is om de pot te himmeljen. Soks giet fansels. Prachtich, dan hâlde jo tiid oer om oan nuttige saken te besteegjen. Mar wat binne dat dan? In libben lang hobbys en foar elts in basisynkomen? As alles foar ús dien wurdt, wat moat it minskdom dan? As masines al it wurk dogge, binne der mar in fraksje fan al dy minsken nedich om dat allegearre oan te stjoeren. Wat moat de rest dan útfine? Binne wy de lêste generaasje fan minsken dy’t troch, yn mear as mindere mate, fysyk wurkjen, ferslite en dan deagean? As nimmen aanst mear in slach hoecht te dwaan, omdat it foar harren dien wurdt, tink ik dat der in grutte mondiale binde ûnstean sil fan minsken dy’t fan idoatichheid net witte wêr’t se mei harren enerzjy hinne moatte.

It ûnderwiis sil dêr al hiel gau rekken mei hâlde moatte, 2045 is hielendal net sa fier fuort. Oer in lytse tritich jier kin dit senario realiteit wêze.  Wêr moatte je bern, dy’t no op de wrâld setten wurde, as se achttjin binne foar opliede? Net foar piloat en rydskoallehâlder yn elts gefal, as se yn it Pentagon gelyk ha. Neffens guon wittenskippers rinne der yn it jier 2100 tolve miljard minsken om. Hielendal digitaal foarprogramearre, troch robots en masines betsjinne minsken. Ik sil jim sizze dat ik hiel earlik sein stikem wol in bytsje bliid bin dat ik dat net meimeitsje sil, want yn al syn massaliteit en ûntwikkele technyk sit der in freeslik stik iensumheid yn it takomstbyld sa as dat foarsein is troch de wittenskippers fan it Pentagon.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *