In pear foto’s mei in ferhaal út Siberië

Jenisej

20160430_105401

De sille grif in soad Friezen wêze dy’t nea yn harren libben sa gek wurde sille dat se pikefel krije by it sjen fan in rivier. Ik hear net by dy grutte groep normale minsken. Ik hie it nammentlik wol doe’t ik (foar de earste en grif ek foar de lêste kear) mei eigen eagen de Jenisej (Енисей) seach, djip yn Siberië. Net samar in rivier, mar it grutste systeem fan wetter dat yn noardlike rjochting streamt, op wei nei de mûning yn de arktyske Karasee. Doe’t ik in wike as wat lyn oan de igge fan dizze majestueuze stream stie, moast ik mysels efkes yn de earm knipe oft it wol wier wie, mar dat wie al sa. Net dat ik ek mar in drip wetter sjoen ha, want der lei twa meter iis yn. Mei de Ob en de Lena op respektabele ôfstân is de Jenisej fierwei de wichtichste stream yn Siberië. Hy ûntspringt yn Mongoalië, ien fan de wetters dy’t oan de boarne leit, rint by de Mongoalyske haadsted Ulaanbaatar del. Net in lullich rivierke, hear, yn de list fan langste streamen op ierde stiet er op it fiifde plak mei 5540 kilometer. Dat is hast krekt sa lang as myn reis fan Boarnburgum nei it uterste noarden fan Siberië, om jim in idee te jaan fan hoe’n ein dat is. Iis en snie, sa seach de Jenisej der út. Ein maaie, begjin juny komt der in troch atoomenerzjy oandreaune iisbrekker om derfoar te soargjen dat de rivier befarber wurdt. Dan sil Dudinka, de stêd dêr’t ik wie, ek wer berikber wurde oer it wetter. Dat is hy no ek wol, want der ride auto’s oer de beferzen flakte, mar foar it ferfier fan fracht binne skippen nedich. No stienen de havenkranen dus stil, as misfoarme gedrochten yn in surrealistyske wrâld dêr’t gjin skip te sjen wie.

20160430_122521

Lenin seach fansels it hear oer en ik hie pikefel. Net omdat it min 17 wie, mar omdat ik op it punt stie it ultime doel fan myn reis te besykjen. Ek wer in plak dêr’t de measte normale minsken nea oan tocht hienen, mar ik bin dan ek net normaal. Dat blykte wol dy dei, ik bedarre mei twa rindierhâldsters yn in tinte,

20160430_113054

seach in baby mammoet mei ien slachttosk dy’t se in jier as wat lyn fûn hienen yn de permafrost fan de toendra yn de buert fan Dudinka en iet foar it earst droege rindier. (lekker!)

20160430_111319

 

In oere letter wie ik yn in besit fan in shirt fan de Dudinka iishockeyklup, stie ik op it iis fan de Taimyr iis arena om in Russysk hockeytoernoai te iepenjen yn de meast noardlike iishal fan de wrâld en harke nei it Russyske folkslied. Ik sil mar gjin poging dwaan om alles út te lizzen, want ik leau it eins sels ek noch net. Mar it is wol bard, want lokkich ha we de foto’s noch. Al mei al in dei dy’t ik net sa maklik ferjitte sil.

20160430_130609

In shirt fan Dudinka hockeyklup. Soe der yn Fryslân of Nederlân noch ien wêze?

20160430_131733

 

En foar de grap woenen in pear spilers út Kayerkan ek noch mei my op de plaat. Dy meast linker op de foto moatte jo gjin spul mei krije, mar ik bin freon foar it libben mei him wurden omdat er Ingelsk koe en dat wie net foar in soad weilein dêr. Wat in meunster fan in keardel!

20160430_141932

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *