Iepenloftspul Jorwert 2016

Londen ‘68

head_home

God mei der dan neffens Geert Mak út ferdwûn wêze, dochs waard er yn de notaristún yn Jorwert sneontejûn in oantal kearen mei klam in berop op de hegere macht dien om regaad te hâlden. It wûndere wie dat er dêr geandewei de jûn ek gehoar oan like te jaan troch rûnom mei bliksem te struien en sa foar in ekstra driigjende lading te soargjen by de premiêre fan it iepenloftspul dat as namme Londen ’68 krigen hat. In stik dat makke is as de teaterferzje fan de film Made in Dagenham. Fan datselde skript is ek al in musical makke. De tematyk dêr’t it om draait is ek no noch altyd hartstikke aktueel, nammentlik gelikense rjochten foar man en frou. En de striid dy’t dêr foar fochten wurde moat om dat foarinoar te boksen, waard op de planken brocht troch in grut oantal personaazjes, mar nea rekken je it paad bjuster. In knappe prestaasje fan regisseur Tsjerk Kooistra en syn meiwurkers om it sa helder te hâlden, want al dy persoanen waarden ek noch troch faaks deselde spilers spile. Ik ha net teld hoe faak se harren ferklaaie moatte op ien jûn, mar dat komt net sa krekt. It op it earste gesicht sobere mar tige fernuftige kruipdoor-sluipdoor dekôr is it fermelden ek wurdich. It stik spilet yn en om de Ford fabriken fan Londen en ek dy fan Liverpool wurdt der even yn behelle. Froulju wurkje yn dy fabryk as naaisters dy’t foar de produksje fan de stuolbeklaaiïng soargje. En dêr krije se minder foar betelle as manlju dy’t fergelykber wurk dogge. Mei in pear dames op it goede momint op it goede plak is it sied foar in konflikt dan gau siedde. It haadpersonaazje Rita O’Grady wurdt spile troch twa spilers. Dat jout in moai ynsjoch yn de ynerlike striid dêr’t se trochhinne moat yn har krewearjen om de ferskillen tusken de seksen te sljochtsjen. In moaie fynst, dy’t krêft oan it stik jout. Deselde konstruksje mei twa spilers wurdt ek foar Rita har man Eddy brûkt, omdat dy ek nochal wat te ferduorjen krijt yn de striid dy’t syn frou oangien is. Oan de stuolspoaten fan alles dat ‘gewoan’ wie, dus de frou tsjinstber oan de man, wurdt neffens guon konservative kritikasters, lykas de bazen en ek de parse, oan seage. Oant yn it Amerikaanske haadkantoar fan Ford wurdt mei arguseagen sjoen nei wat Rita O’Grady en har folgelingen losmeitsje en klearspylje, mei in lytse mar moaie rol foar de frou fan de direkteur fan de fabryk yn Londen, dy’t nettsjinsteande har hege oplieding as in sloofke behannele wurdt troch har man en der úteinlik foar kiest om de stakers te stypjen. Underoare mei in stik klean, mar ik sil net alles ferklappe.

Nei it skoft, doe’t dus rûnom Jorwert de loft gratis en foar neat mei himelske fjoerpylken ferljochte waard, wûnen de personaazjes hurd oan krêft en djippen út. De striid foar emansipaasje waard úteinlik oant yn it Lagerhuis ta útfjochte.

Lokkich foar de taskôgers bleau natuergeweld beheind ta in ljochtshow sûnder wetter.

Londen ’68 spilet noch oant 24 septimber. Oanrieder!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *