Hongerklop, sei De Neel

Ek by kuierjendownload

Je meitsje alles foar de earste kear mei. Oeral en altyd de debutant, oant je dea ta. Dat dogge je, op in pear útsûnderingen nei, ek mar ien kear. Fansels ha ik de bylden wol sjoen, bygelyks fan Erik Breukink dy’t op it momint dat er tige koart yn it klassemint fan de Tour komme koe, sa’n minne tiidrit ôflevere dat er op ’t lêst hast stilstie. En wy mar foeterje. ‘Sjochst no wol, net goed genôch, de sukkel.’
‘Hongerklop,’ sei De Neel. De Neel sei wol faker wat. Dy hurdfytsers mei harren tige profesjoneel fersoarge begelieding in hongerklop? It soe wol. Oanstellers.
Juster hienen wy wat betider iten, der moast immen earne hinne, dus pasten wy ús der by oan. It is waarm, mar om in oere as healwei njoggenen woenen wy dochs noch efkes in eintsje om. En ferdikke, healwei like it wol oft ik lead yn de skuon krige. Ik ha in fleske wetter leechdronken, efkes yn it skaad sitten en doe’t wy thúskamen in baal paprikasjips ophaffele. Doe fielde ik dat ik wer by sûpe en stút kaam.
Ik sil nea wer sizze dat in hongerklop net bestiet. Ek by gewoan kuierjen kinne jo it krije. Sorry foar myn eardere falske beskuldigingen. Altyd de debutant…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *