Homo

Homo

download

Ik hie ek kunde oan in homo. In froulike, dus dat neame wy dan krekt wat oars. By ús yn tsjerke meie homo’s de lapen gearsmite. Ja, ik gean nei tsjerke. Net alle sneinen, mar wol geregeld. Ik ha belidenis dien yn wat no de Trinitas tsjerke op It Feen is. Doe hjitte er noch de Europalaankerk. Hy stie njonken de legere lânbouskoalle dêr’t ik hinne west ha, mar ik dwaal ôf. O ja, ik bin ek klant by firma De Boer yn Drachten.

Ik ha fan aardich tichtby meimakke wat it mei in gefoelich minske dwaan kin as je fan jo omjouwing (Of famylje) net wêze meie wa’t je binne. Omdat it net past yn it patroan sa as wy dat hjir yn guon kringen betocht ha. Ik ha sjoen wat immen syn geast syn lichem oandwaan kin as dy geast him net begrepen fielt, net akseptearre, as immen geastlike en fysike iensumheid as syn partner kado krijt fan minsken dy’t it grif op harren eigen wize tige goed mei de homo yn kwestje bedoele. Ik doar hjir de stelling wol oan: It net wêze meie wa’t of wat je binne is swierder as yn in finzenis sitte. It kin liede ta alles dat je leaver net wolle kwa belesting fan jo liif. Mei úteinlik yn dit unike gefal fatale gefolgen. De dea. Kapot makke troch ûnbegryp, ik moat der oan taheakje, mei troch in foarm fan leauwen. Ik gun elts echt wat er wol as net leauwe wol. Hindoe, ateïst, whatever. Ik bin Herfoarme grutbrocht. Dêr bin ik gelokkich ek nea op oanfallen, minsken dêr’t ik dêr wolris mei oer yn petear gean sizze meastal dat elts frij is om te leauwen wat er wol. En sa moat it eins ek wêze.

Snein wie ik efkes werom yn de Trinitas tsjerke. It wie de lêste snein fan it tsjerklik jier, de dei dat alle gemeenteleden dy’t yn it ôfrûne jier weirekke binne, betocht wurde. Wy moasten dit jier ús debút meitsje as famylje, heit is der net mear. Ik ha in kearske foar him oanstutsen. It is symboalysk, mar op sa’n stuit is it dochs wol de lêste kear dat syn namme yn de tsjerke neamd wurde sil, dus docht it my wol wat.

Mar no sit ik eins wat mei in dilemma. De kommende jierren mei ik alle kearen op de lêste snein fan it tsjerklik jier in kearske foar heit oanstekke. Ik ha dat ek in kear as wat dien foar de homo dêr’t ik it freeslik fan fyn dat se der net mear is. Miskien moat ik mar freegje oft ik der twa oanstekke mei. Ien foar heit en ien foar myn leave nicht Wieke. Oei, no krijt de homo in namme, dat is dochs wol konfrontearjend, fine jim net?

O ja, ik bliuw gewoan klant by de firma De Boer, omdat it in prima winkel mei goede produkten, aardich personeel en goede service is.

En wêrom’t ik ek klant bliuw? Omdat, as ik de kâns krij, ik De Boer wol graach ris fertelle wol hoe’t it foar my fielt om op wei nei it Abe Lenstra stadion alle kearen de flat te sjen dêr’t se wenne, yn al har ellinde, iensumheid en wanhoop. Gewoan, in fatsoenlik petear mei arguminten oer en wer. Om sa mooglik begryp te krijen foar elkoars stânpunten. De dialooch ynstee fan it hakblok.

Ik bliuw klant. Foar Wieke.

 

5 Comments on “Homo

  1. Pingback: Blog Ferdinand de Jong: Homo | ensafh

  2. Yn gedachten ha ik noch by dyn ferhaal stil stien. Gjinien wol bûten sluten wurde.

    Troch te harkjen nei elkoars ferhaal wast sels meimakke hast of yn gesprek te gean oer wast der fan fynst of hoe ast der yn stiest kinst mear begryp foar inoar opbringe. Troch te harkjen en te fertellen oan inoar ûntstiet begryp. En hooplike troch begryp mear romte foar oars wêze.

  3. Mooi ferhaal, je matte eltsenien respektere, ek de famylje de Boer…!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *