Groot onrecht

Joe Bonamassa moat yn de top 2000.

images

Deathwish?

Befoardere ta de heerlikheid

In goed petearke… download

‘Aha, dêr ha wy broeder … ek noch!’
‘Jawis, as der in feest is moatte jo der by wêze.’
‘Wol it allegearre noch wat?’
‘Je wurde op ’t lêst wat minder op de gongen, mar foar it oare liket it net sa min.’
‘Hoe âld binne jo no ek al wer?’
’84.’
‘No, dan sille jo ynkoarten wol befoardere wurde. Dat witte jo wol, no? Befoardere ta de heerlikheid. Dus jo hoege nearne oer yn te sitten…’

Man fan 84 strompelet ferbjustere fierder.

 

De meast waardeleaze song oer reinwetter

Rain.

Yn de popmuzyk binne de measten nûmers skreaun mei as tema? Krekt, de leafde. Yn al syn foarmen. Slagge, mislearre, ûnberikber, wreed, net beantwurde en sa binne der noch talleaze konstruksjes dêr’t de songwriters harren kreative geasten oer gean litten ha.

Trouwens, it skriuwen oer popmuzyk ropt altyd argewaasje op, want je binne it hast nea iens. De iene rint fuort mei Madonna, de oare swart by in trash metal band mei in obscure namme.

Njonken de leafde is der yn de skiednis ek in soad skreaun oer it tema rein. Soks ta myn grutte freugde. Want reinwetter hat wat mear fergif yn him as it om de teksten giet. Fan rein wurde je wiet. De measte minsken wolle leaver net wietreine, dus skriuwe se der mei in oar gefoel oer. Lilkens, frustraasje, mar ek wer dyselde leafde. Want in mislearre leafde is goed te kombinearjen mei stronttrochwiet reine.

Ik wit noch goed dat as it eartiids tige droech wie en der nei sa’n droege rite einliks rein foarsein waard, in net neier te neamen famyljelid wolris sei: ‘As it aanst reint, draaf ik yn de bleate kont om hûs.’ Ik leau net dat it der ea fan kaam is, ik ha it yn elts gefal net sjoen.

Der binne prachtige nûmers oer rein makke. Ek yn it Frysk. Flotsje fan Bricquebec bygelyks. Reine om te ferjitten. De mienings sille der wol wer oer ferdield wêze, in top trije fan moaiste nûmers sil ik my mar net oan weagje. Hoewol, Status Quo soe der grif yn stean.

In top trije fan freeslike nûmers oer rein is ek te meitsjen. Wat te tinken fan Milli Vanilli mei Blame it on the rain? Of ús eigen Ritme van de regen troch Rob de Nijs? Sorry, beide fyn ik freeslik. Mar it kin noch slimmer. De meast pretinsjeleaze flutsong oer reinwetter komt op namme fan de romrofte band Queen. Fer-skrik-lik.

Ferwrongen stiel

Samar op in woansdei

‘Hoe is ‘t? ‘
‘Goed. En mei dy?’
‘Moah, koe better.’

Yn njoggen fan de tsien petearen is dizze konstruksje net oan de oarder. Minsken wolle dat op ien as oare wize net. En de tsjinpartij wol it net hearre. Want it is folle makliker om te sizzen dat it goed giet. Dan ha je dat precaire, ûnwisse stik fan it petear mar hân en kinne jo oergean ta it oppervlakkige gejeuzel dat nea sear docht, nea earne oer giet en foaral de djipte net yn giet.

It is konfrontearjend, mei immen prate oer saken dy’t je dwaande hâlde. Dat dogge jo net samar.

Juster siet ik tafallich nei in stikje TV te sjen dêr’t ik suver noch efkes langer oer neitocht ha. Dat is op himsels al in wûnder, want der is net folle op TV dêr’t ik, neidat ik it sjoen ha, noch wer ris oer neitinke wol of moat.

Juster seach ik in lyts stikje fan in redaksjefergadering fan it programma De Wereld Draait Door. It skynt noch altyd in populêr programma te wêzen, ik bin in jier as wat lyn al ôfheakke fan dit randstedelijke gedrocht. In overkill oan Jan Mulder en konsorten is net goed foar myn ynwindige geastlike tastân. Boppedat is it de minachting ten top hoe’t dy lju mei muzyk omgean. Alles yn in minút. Ferskriklik. Mar as minsken der nei sjen wolle fyn ik it prima.

‘Hoe is ‘t?’
‘Goed. En mei dy?’
‘No, eins kut.’

Foar in soad minsken sil dat skrikken wêze. Dy redaksjefergadering fan DWDD liet efkes sjen hoe heech it stresnivo fan de belutsen partijen is. Se hienen it brûs noch krekt net op de bek stean. Mar wat in geweldige drive, wat in karriêre, wat in kollektive wiete dream om alle dagen mei in hertslach fan boppe de 100 oan de slach te gean. As je dêr earst mar sitte, yn de redaksjefergadering fan DWDD. Dan ha jo it wol makke yn dizze wrâld.

Wat in earmoede. Wat in geastlike earmoede. Matthijs van Nieuwkerk syn gesicht wie krekt in bult ferwrongen stiel fan it World Trade Center neidat dêr in idioat mei in fleantúch yn flein wie. Oant dat magyske momint dat it reade ljochtsje fan de kamera oan gie. Doe fierde er syn deistige show op.

‘Hoe is ‘t?’
‘Goed. En mei dy?’
‘Ach, ja…’

Ik kaam hjoed immen tsjin en wy ha in pypfol praten. In frijwat ûnskuldige iepener:

‘Hoe is ‘t? Hast it wat yn de macht?’
‘Ik ha it wol yn de macht. En do? Wêr giest hinne?’
‘Huh? Wat bedoelst?’
‘No, gewoan. Do sitst yn in auto, wêr giest hinne?’
‘O, sa. Ik tocht dat it filosofysk bedoeld wie…’

In healoerke fierder bliek dat der mei de measte minsken wol wat efter ‘Goed. En mei dy?’ oankomt. En dat it yn guon gefallen ek wol ris noflik is om dat in kear gewoanwei út te sprekken. Neat mis mei.images

 

 

 

Muzyk by betinken

Se neamden my Tristan

Bêste minsken.

It is de tiid fan de betinkingen. De iennichste twa dagen yn it jier dêr’t hjir by ús wis de Fryske flagge brûkt wurdt. Ik woe jim mar traktearje op in betinkingsferhaal oer in hynder. Guon fan jim sille it werkenne, mar foar oaren sil it nij wêze. Yn in oantal lêzings dy’t ik de ôfrûne jierren dwaan mocht slagge it mei dit ferhaal alle kearen om minsken de Fisherman’s friend trúk útfiere te litten. It is dus in oangripend ferhaal. It soe moai wêze as jim oaren ek tipten oer dit ferhaal, want it is in stikje skiednis dat net ferjitten wurde mei.

 

Deiljocht

 

Se neamden my Tristan. Ik kaam op de wrâld yn in stik greide, flak by it plakje Tongeren. Myn mem wie in grou Belgysk hynder.

Ik draafde en boarte. Tsjin de steile heuvels, op en del. Myn broer wie in jier âlder as my, en sa sterk as it mar koe. We wrakselen dei oan dei, sadat ik ek knap wat yn de bouten krige. Mem liet ús mar begean, in goed wike neidat se my smiten hie, kaam der in hynst om har te dekken. Dat dy hynst myn heit ek wie, wist ik net. Ik wist neat.

 

Doe’t ik in jier âld wie, waard myn broer ophelle. Samar waard er út it lân fandele en meinaam. Mem ek ik koenen wrinzgje wat we woenen en myn broer fersette him bot, mar hy kaam net werom om mei ús de lekkerste pôltsjes op te fretten. Nei fjirtjin dagen wie ik him ferjitten, dat kaam mei, trochdat mem wer in fôle smiet, no hie ik samar in suske.

De boer like optein mei har. Sy krige mear oandacht dan ik. Kear op kear lei er har in bine om de holle, en waard der mei har stapt. Ik hie noch nea in tou oan my field.

Myn suske wie krekt in jier doe’t se ek by ús weihelle waard. De boer hoegde har net iens te roppen, as er by de hikke kaam, stode se nei him ta, omdat se dan wat lekkers fan him krige. Dizze kear krige se neat. Ja, in skop, omdat se net hurd genôch efter de keapman oanrinne woe. Mem draafde by de tried lâns, krekt salang oant de seadde hielendal stikken wie, mar dat brocht myn suske net werom. Wol soarge har mâltjirgjen derfoar dat se de ûnfoldroegen fôle fersmiet. Ik hie de boer noch nea sa lilk sjoen. Hy trape mem wêr’t er har mar reitsje koe. Nei oardel wike kaam de hynst wer op besite.

It wie yn dy dagen dat ik beleard waard. Mei in soad muoite smiet de boer my in tou oer de holle en woe my meinimme. Ik woe net, mar it tou strûpte my sa stiif om de hals dat ik op it lêst hast smoarde, en it oerjoech. Trije wiken lang stie ik yn in lyts hokje, en deis learde de boer my om in eide te lûken. De earste dagen hie ik bot lêst fan de spieren, mar dat bekaam al gau. De boer like tefreden oer myn hâlden en dragen, dat ik mocht nei it wurk de greide wer yn. Mem wie bliid dat se my wer seach, en alles like wer rêstich.

Op in dei kaam de keapman it hiem op. Ik koe him noch fan de oare kearen, omdat er de lucht fan bargen oan him hie. Net fan de wylde bargen út de bosk, dy’t nachts wolris by ús troch de greide skarrelen, mar oare bargelucht. Hy line tegearre mei de boer in skoft oer de hikke en seach nei ús. Mem en ik rûnen nei de úterste hoeke fan it stik lân, omdat we benaud wienen foar de man mei de bargelucht.

De boer hold de rjochterhân foar him út en de keapman sloech derop. De boer skodholle, en sloech werom. Sa gie dat in minút as wat troch, en samar wie it dien. De boer knikte, de keapman ferdwûn.

Trije wiken letter kaam er wer. De boer hie my de moarns al út it lân helle en yn it lytse hokje set. Ik krige sels in boarstel oer de lea en friet in bak mei woartels leech. Mem wist net hoe mâl se it dwaan soe doe’t ik efter de keapman oan it hiem ôftippele. Nei in lange tocht troch in gea dat ik mei fernuvering beseach, kamen we oan by in heech gebou. It wie der smoarch. Swart. En it rattele en klettere oan alle kanten. Safolle lawaai hie ik noch nea heard, it makke my ûnrêstich. Ik wie net it ienichste hynder, rûnom lutsen rasgenoaten grutte twatsjillige karren mei swarte rommel der yn. Se reagearren net doe’t ik lûd joech.

Der kaam in keardel op ús ôf. Hy hie swarte fegen om it gesicht en beseach my oan alle kanten. Hy kloppe my freonlik op de hals. ‘Hoe hjit er?’

‘Tristan,’ sei de keapman.

‘No, Tristan, wolkom yn Blegny.’ Hy krige it tou út hannen fan de keapman en dy lake. Sûnder noch wat te sizzen joech er him ôf.

De man naam my mei nei in nuver hok, mei in grut tsjil, dat draaide. Hy fluite in kear en in stik as wat manlju kamen ús kant út. ‘Tristan wol graach oan it wurk,’ gniisde er. Fluch luts ien fan de keardels my in blynkape oer de holle. Ik woe stegerje, mar der waard grof oan it tou skuord. Doe fielde ik dat se myn fuotten oanelkoar bûnen. Ik soe in stap dwaan, mar mitere oer de grûn. Mei man en macht waard ik it nuvere hok yn sleept. Ik fersette my bot en slingere sa mei de holle dat de kape ôffleach. Hy foel yn in gat flak neist my. Mei in heislik gepiip stoppe it grutte tsjil mei draaien. De manlju flokten hurder as dat de boer gewoanwei die, mar der skynde net in ferfangend eksimplaar by de hân te wêzen. ‘Soa, Tristan, dus do wolst dyn lêste stikje deiljocht hielendal meimeitsje?’ frege de keardel dy’t my hjir brocht hie.

Ik trille fan spanning en hie gjin idee fan wat er bedoelde. De oare manlju wienen mei lange touwen dwaande. Se knopen se fest oan in izeren koai, dy’t boppe it swarte gat hong. As lêste krige ik in bân om de hals, ik switte as in oandrager. Ien fan de mannen drukte op in knop en raasde: ‘Hynder optakelje!’

Stadich kaam it grutte tsjil yn beweging en hyste my fan de grûn. Ik hong folslein yn ûnmacht, nei in kear as wat hinne-en-wer slingerjen, seach ik dat ik boppe it gat ta stilstân kaam. De touwen strimen my yn de fuotten en de pine wie hast net te dragen. Dêr hong ik. Oer de kop, ûnder in izeren koai. De manlju stienen der nei te sjen. Ien fan har fage him om it kin en dat wie daliks sa swart as roet. Hy skodholle in kear, krekt as fûn er it mar neat. In oar drukte wer op de knop en sei: ‘Ja, sakje mar. Hy moat nei de leechste!’

Twa tellen letter seach ik it deiljocht ferdwinen. Mei skokken en in aaklich lawaai sakke ik de Belgyske grûn yn. It gie sa hurd dat ik druk yn myn earen krige, mar ik wist net hoe dat te ferhelpen. De helletocht duorre in pear minuten, doe kaam ik ta stilstân, in heale meter boppe in inketswarte grûn. De hiele reis hie ik gjin ljocht sjoen, mar no like it in spoekewrâld. Rûnom kamen felle lampen op my ôf . Doe’t myn eagen in bytsje wend wienen, seach ik dat de lampen droegen waarden troch manlju. Bern wienen der ek. Allegearre mei sa’n fel ljocht op in helm. Ien fan harren luts it tou oan myn efterste fuotten los, sadat ik op de kont telâne kaam. Ik wrinzge in kear en skopte wyld om my hinne. Se dienen in stap tebek en lieten my úttjirgje, as hienen se dit al faker meimakke. Doe’t ik wat bekaam wie, makken se my fierder los. Ik woe der fantroch, mar it tou om myn hals wurke wer as spulbrekker. ‘Toe mar, dit is in wylde!’ rôp ien fan de keardels. Hy lake en yn it ljocht fan de lampen wie in streek wite tosken te sjen. Fierders wie er sa swart as de nacht, krekt as alle oaren. ‘Bring him mar nei de stâl!’ raasde er.

Se leinen my in swiere bine om de holle. In grou stik lear siet tusken myn earen, en ik hie der daliks in hekel oan. De reden wêrom’t ik sa’n idioat ding op de holle krige wist ik doe noch net, mar dêr soe ik fluch efterkomme. Ik seach om my hinne oars net as felle ljochten en foar it oare wie it swart. Ljocht of swart. Oars wie der net.

Se namen my mei troch in smelle gong, doe’t ik troch in freeslik hurde klap sa skrok, dat ik stegere. Ik kaam sa hurd tsjin de souder oan, dat der stikjes út it plafon rûgelen. ‘Dom bist! Do moast noch in soad leare!’ flokte de man dy’t my beet hie. Yn myn iene ear siet in skuor, dy’t bot bliede.

Ik bedarre yn in romte dy’t flau ferljochte waard. De keardel treau my yn in smelle stâl. Dêr bûn er myn helter fêst oan in grou keatling en smiet my in toppe hea foar de mûle. ‘Moarn silst oars piipje,’ sei er en sette ôf. Doe pas seach ik dat der mear hynders op stâl stienen. Ik wrinzge in kear, mar der kaam gjin andert. Neist my stie in kêde dy’t drok oan it fretten wie. It toarre hea griisde my oan. Der siet gjin lucht oan, ik wie de farske pôltsjes gers út de greide flak by Tongeren noch net ferjitten. Myn buorman stuts de holle omheech en skodde mei syn behang. Ik woe kontakt meitsje, mar it wie as seach er my net. Unfersteurber joech er him wer oer oan it hea.

Nei in lang skoft stean, troch it ûntbrekken fan deiljocht wist ik fan oere noch tiid, kaam deselde man wer. Hy sette my in amer wetter foar de snút en helle doe it hynder neist my fan stâl. In jonge naam de leie oer en ferdwûn mei de kêde út it sicht. Nea hie it bist merke litten dat er weet hie fan in nije buorman. ‘Soa, Tristan. No sille we sjen of we dy it wurk leare kinne,’ sei de keardel mei de felle lampe op syn helm. Hy makke my los en we rûnen troch deselde smelle gong as dêr’t ik earder troch kaam wie. Efkes hie ik de hope dat se my wer omheech takelje soenen, mar it betearde oars. Krekt as by de boer thús, krige ik in túch om de bealch, en doe namen se my mei it tsjuster yn. Inkeld omdat de man in ljocht op de helm hie, koe ik in bytsje sjen wêr’t ik rûn.

De meast aaklige lûden kamen my temjitte. It dindere, sloech en pipe alderheislikst. De gong wie sa leech dat ik mei de holle tsjin de souder stjitte, no hie ik troch wêr’t it grouwe stik lear foar tsjinne. Kear op kear dreunde ik tsjin de izeren spanten oan, en eltse kear skrok ik derfan. De lucht wie fiis, waarm en damp, it sette my yn de hals. Nei in skoft rinnen kaam ik yn in oare gong. Ik wie der noch mar amper, doe seach ik de kêde oankommen mei in rige karkes efter him oan. Dy wienen rûngear fol laden mei it swarte guod, en it bist hie der skuorren oan. Hy rûn my straal foarby en joech gjin lûd. ‘Sa, Tristan. Dat is fanôf no dyn wurk!’ raasde de keardel tsjin my. In tel letter dreunde in hurde klap troch de gongen, en it waard nacht. Ik koe noch sjen dat de man in fize doek foar de mûle die, mar dêrnei seach ik omtrint neat mear. Dat duorre in goed kertier, doe sakke de stofwolk stadich del en seach ik it ljocht op de helm fan de man wer. Myn noastergatten sieten stiiffol stof, ik besocht it derút te prûsten. It biet my yn de eagen en dy triennen bot. Dit moast de hel wêze.

download

Sa begûn myn wurksume libben. Ik moast karkes fol mei koalen lûke. Karkes dy’t piipjend oer in smel spoarbaantsje nei de lift rieden, deselde lift dy’t my nei dizze oarde brocht hie. De karkes waarden omheech takele en kamen leech werom. As der wer tsien op de rails stienen, luts ik se nei it plak dêr’t it altyd stode, dêr’t manlju wurken dy’t sa swart as de koalen wienen. It plak dat stadich fierder fuort, djipper de Belgyske grûn yn gie. It plak dêr’t dy manlju mei springstof stikken gong opblaasden, en as it stof delsakke wie, de koalen yn de karkes smieten. De kêde en ik lutsen om bar tsien karkes nei de lift, en wer werom.

It wie der smoarch. Oer de flier lei in tin laachje wetter, sadat ik lêst fan de hoeven krige. Dy waarden sêft, en de ûndergrûn wie hurd. Ik krige mok oan ien fan myn efterfuotten.

Op in kear seach ik dat de kêde net in stap mear sette woe. De jonge dy’t him eltse dei ophelle, koe raze wat er woe, it bist die gjin stap. Ien fan de mynwurkers dy’t de karkes oanelkoar keppele, lake gemien. ‘Hy is noch net sa dom as dat ik tocht!’ raasde er. Doe makke er it lêste karke los. Daliks begûn it hynderke wer te rinnen. Yn stee fan tsien, hie de keardel âlve karkes efter it bist set, en dat fielde de kêde daliks, mei wurkwegering as gefolch.

Sa learde ik de fine kneepkes fan it fak. Earst foel ik bot ôf, mar ik krige yn de gaten dat as ik net friet, ik de weintsjes hast net lûke koe. Dat nei ferrin fan tiid foel ik krekt sa wyld op it smaakleaze hea oan as myn buorman.

Op in dei foel de kêde om. Hy ferstapte him op de glêde rails. Syn begelieder gûlde, de triennen makken spoarkes op syn swarte wangen. Ien fan de fuotten fan it bist hong him nuvere bryk oan de lea. Ik moast de fracht oernimme. Nei de tsjinst fan dy dei stie ik allinnich te fretten. It wie it lêste dat ik fan it swijsume bist sjoen ha.

Stadich murk ik dat myn eagen minder waarden. Se wienen faak ûntstutsen troch it bitende koalstof. Ek kochele ik bot, mar myn eagen wie it minste. Geandewei de tiid waarden de minsken gedaanten, oant ik se net mear sjen koe. Fan dy tiid ôf die ik alles op de taast en it gefoel. Gauris helle ik mysels ellinde op de hals, as ik tsjin ien as oar skerp hoekje oanrûn. Pine fiele gie net oer. Myn ûnderstel, dat sa sterk as in bear west wie, aksele ek tsjin. De mok wie nea wer oer gien, en yn myn oare hoef siet in skuor. Ik wie dus oan beide fuotten kreupel, mar dan binne je wer yn lykwicht, sadat it nimmen opfoel.

It lêste euvel dat my barre moast, wie dat myn gehoar fluch efterút gie. It dinderjen, piipjen en de swiere eksploazjes easken har tol.

 

Njoggen jier letter rûn der in bist foar in rige karkes. It dier seach neat, hearde neat en wie kreupel oan beide efterfuotten. Hy fielde oan de beage oft se him tefolle karkes lûke litte woenen. Hy wurke dei oan dei, op gefoel en op de taast. Oant er op dy iene dei troch syn skonken sakke, en net fierder koe. Doe keppelen se him los, brochten him nei de lift. Se knopen syn fuotten oanelkoar, leinen in bân om syn hals en ankeren him fêst ûnder in liftkoai. Ien fan de manlju drukte op in knop en rôp: ‘Hynder optakelje!’

 

Ik koe net fierder. Alles dat ik noch yn my hie wie net genôch om langer de rige karkes yn beweging te krijen. Net dat ik it woe, mar it barde al. Ik sakke ynmekoar. Se makken my los. Ik klautere wer oerein en mei myn lêste krêften besocht ik de stâl te berikken. Dat paadsje koe ik sûnder begelieding wol fine nei al dy jierren. Mar myn begelieder skuorde my nei de lift. It plak fan de folle en lege karkes.

Earne yn myn ûnthâld werkende ik it gefoel fan it fêstbinen fan myn fuotten en de bân dy’t se my om de nekke leinen. Ik seach en hearde neat, mar wrinzge. Foar it earst yn jierren.

It gefoel fan druk yn myn earen wist ik noch. De pear minuten hingje ûnder de liftkoai, wylst dy mei gong omheech gie, koe ik ek noch pleatse.

Sa kaam ik wer boppe de grûn. Net dat ik it deiljocht wer seach, net dat ik hearre koe dat it hurd waaide, mar ik rûkte it. Ik snúfde de lucht djip yn myn ferrinnewearre longen, en kochele dêrnei sa bot dat it bloed my yn de mûle kaam.

Mei man en macht skuorden se my boppe de mynskacht wei en leinen my plat oer de hurde grûn. Ik skopte en fersette my net mear. Dy tiid hie west. Se hienen my brutsen. Djip yn de Belgyske grûn wie it libben stadich út myn grouwe Belgyske hynderliif fearn.

Dyselde middei brochten se my nei in plak dat rûkte nei de deade hynders dy’t my foargien wienen. Ien tel mar fielde ik de skerpe pine fan it mes dat myn hals trochsnie.

Se neamden my Tristan.

 

© Ferdinand de Jong 2015

 

 

100 dagen NHL

Belofte maakt schuld

Een poosje geleden kreeg ik een melding dat ik een nieuwe volger op Twitter mocht verwelkomen. Dat is natuurlijk niet uitzonderlijk, maar wel dat ik een paar dagen later met deze nieuwe volger een uiterst geanimeerd telefoongesprek heb gevoerd. Dat, terwijl ik de persoon niet kende. Sindsdien mailen we onze verbazing over uitschakelingen en uitslagen in de NHL (National Hockey League) over en weer. Een echte digitale hockeyrelatie.

Het Nederlandse ijshockeywereldje is maar klein. Als iemand met een idee komt om die fantastische sport te promoten is het binnen dat circuit al gauw wereldnieuws. Zo had ik, voordat we elkaar spraken, al wel van de snode plannen van mijn nieuwe twittervolger gehoord.

Mijn laatst verschenen roman had als werktitel ’23 dagen’. Later is die naam herzien en bij het verschijnen van het boek is het Bedoarne Hannel (Bedorven Handel) gedoopt.

Mij viel dus dadelijk een actie met de werktitel ‘100 dagen NHL’ op.

Ruud Doevendans is van plan om in 100 dagen elke franchise in de sterkste ijshockeycompetitie ter wereld met een bezoek te vereren. En om het jongensboek nog wat mooier te maken: Hij heeft de pest aan vliegen, dus wordt het een roadtrip van Florida naar Winnipeg, van Boston naar Los Angeles en van Dallas naar Vancouver. Kijk, daar zou je dus van watertanden als hockeyliefhebber. Ik stel me voor dat het plaatje in een Ford Mustang of een andere Amerikaanse cultauto helemaal rond is. Een soort Steve Mcqueen met rokende banden. Heerlijk.

02-steve-mcqueen-630op

Alle gekheid op een stokje, Ruud zijn plan is mooi. En hij gaat er een boek over schrijven. Tijdens ons gesprek beloofde ik dat mijn eerste artikel op de nieuwe Stikelstekker.frl er een ter promotie van zijn actie zou zijn.

Alles over de 100 dagen NHL van Ruud Doevendans is te lezen op zijn website. Ik hoop dat het een enorm avontuur zal worden met een prachtig boek als erfenis. Hier de link: http://www.ruuddoevendans.nl/.

 

 

Wolkom/Welkom op de nije side Stikelstekker.frl

download

Nei in skoft fan tarieding is it dan safier, Stikelstekker goes .frl In eigen plakje op it Fryske www. Dizze side is ta stân kaam mei grutte stipe fan Tracer Nederland. Tige tank foar alle tips and tricks!

Wat kinne jim hjir ferwachtsje? Wat kunnen jullie hier verwachten? Juist. Meartalig, Fansels Frysk, mar ek Nederlânsk of in oare taal as it ûnderwerp him dêr foar lient. Hoe it ek komme sil: Wolkom!

Na een periode van voorbereiding is het zover, Stikelstekker goes .frl Een eigen plekje op het Friese www. Deze website is tot stand gekomen in samenwerking met Tracer Nederland. Heel erg bedankt voor de tips and tricks.

Wat kunnen jullie hier verwachten? Juist. Meertalig. Natuurlijk Fries, maar ook Nederlands of een andere taal, afhankelijk van het onderwerp. Hoe het ook zij: Welkom!