Heit

Datums

11042195_711372208984154_30218394_n

Hjoed op de dei ôf twa jier lyn wienen wy wat ferkâlden en heal. Der binne fan dy dingen dy’t je in libbenslang bybliuwe. It feit dat der snie lei op de dei dat je dochter op de wrâld kaam, of dat je foar supporters fan FC Twente op de flecht moasten by in beslissingswedstriid yn Zwolle. Dat je alle jierren op Prinsjesdag oan it jier 1979 tinke omdat doe de pake dêr’t ik nei neamd bin stoar. Datums dy’t oan saken keppele binne dy’t sa djip yn je ûnthâld sitte dat je se nea wer ferjitte, salang’t je teminsten net demint wurde.

Ik bin net goed yn datums. Sterker, ik bin in ramp mei datums. Jierrenlang ha ik tocht dat myn frou op 25 juny har jierdei hat. Is net wier. De jierdagen fan myn eigen dochters helje ik troch elkoar, dy fan myn broer en sus moat ik djip oer neitinke. Ik kin wol de teksten fan hast alle Dire Straits nûmers út de holle. Letterlik.

Dus ja, lokkich binne der kalenders, sille wy mar sizze. Mar der binne ek datums dy’t ik wol wit. We wienen dus wat fan de mik, hjoed twa jier lyn. Doe belle myn sus op. Se sei: ‘As ik dy wie, kaam ik mar even by heit. Hy is wol hiel siik.’

Eins woe ik dat net, aanst heit ek noch heal en hy hie al net folle mear oer. Mar myn sus wie fêsthâldend en sa ha we de jûns noch even nei It Feen west. It wie gesellich. Doe’t we fuort gienen, wuifde heit ús nei, it bêd stie kreas achteryn de keamer, flak by de kachel. De oare moarns soe ús âldste dochter har earste wurkdei by de Poiesz wurde. Se wie as earste fan bêd, doe’t de telefoan gie. Beppe. Heit wie der net mear. De opstutsen hân bliek de lêste groet west te hawwen. Ik mis him. Hielendal op dagen dêr’t ik de datum fan ûnthâlde kin.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *