Halbe en Harmke, in krystmearke

In krystmearke

download

Halbe en Harmke, in fereale ljippestel

Der wie ris in ljip. In sijke. Litte wy har foar it gemak Harmke neame. Dat is aardich foar Harm Niesen, de foaroanman fan de Faunabeskerming. Ferneame is Frysk eigen en Harm is mâl mei de Friezen en harren tradysjes, dus neame wy har Harmke. Se waard berne op It Amelân. Dêr hie se in prachtige jeugd fan in moanne as wat. Der wie fretten genôch te finen yn de polders tusken Nes en Ballum. Je meie wol sizze dat doe’t se begjin april út it aai krûpte, der net folle wie dat har grut wurden yn de wei stie. Fansels wie der wolris in rôffûgel dy’t oerfleach, mar dêr rêden heit en mem ljip wol mei. Boppedat wienen der skriezen, strânljippen en noch folle mear oare ljippen dy’t manmachtich yn it ferhef kamen by gefaar. Lytse Harmke hoegde nearne oer yn te sitten. No ja, in ferwyldere kat miskien, mar dy pikten leaver in knyn yn de dunen, dat wie krekt wat streksumer as lytse Harmke. Nee, Harmke trof it. Iten en drinken by de rûs en gjin stres om opfretten te wurden. Ien en oar hie as gefolch dat se frijwat lui waard. Eins wie se hast te beroerd om in ein te fleanen. Mar ja, it waard hjerst en de temperatueren gienen nei ûnderen. Doe’t op in gegeven momint de oare ljippen besleaten om harren ôf te jaan nei wat waarmer gebied, koe Harmke net oars as mar mei te gean yn de kloft. Se moast de hiele Waadsee oer bûkelje en besleat doe’t se Harns ien kear foarby wie dat se nea wer dat lange ein fleane woe. Wat in doel, der wie op it fêstelân fan Fryslân plak genôch om âld te wurden.

De winter wie net strang, mar dochs sakke de ploech ôf nei Noard Frankryk. Dêr krige Harmke de skrik fan har libben. Om har hinne foel de iene nei de oare ljip dea del, flak dêrnei hearde se in hurde knal. De lieder fan de flecht raasde dat se meitsje moast dat se fuort kaam, oars soe se yn in Frânske paté bedarje. Harmke wist net wat paté wie, mar se joech har al ôf en ûnsprong de deadedûns fan Noard Frankryk. Se bedarre yn België. Dêr brocht se de winter troch en doe’t it waar opknapte gie se op de wjukken en fleach oer de havens fan Seelân en Rotterdam by de kust del werom nei Fryslân. Doe’t se dêr oer de greiden sweefde, kaam der in tige kreaze hij omheech. Hy fleach sa sierlik, makke sa’n moai lûd, dat Harmke opslach fereale wie. Se gie op it moaie stikje bûtlân sitten, dêr’t op de hikke in boerd spikere wie dêr’t Eierzoeken Verboden op stie. Harmke prakkesearre der net oer om werom te gean nei har bertegrûn op It Amelân. De hij, litte wy him Halbe neame, nei Halbe Hettema, redakteur fan de Ljouwerter krante dy’t wetten as it rjochtsnoer yn it libben liket te sjen en spitigernôch net de wredere praktyk.

Wat in moai spantsje, dy Halbe en Harmke. Stapelgek op elkoar, fan it earste momint ôf. Ik wol mei Halbe wol in gesin begjinne tocht Harmke. Se seach nochris goed om har hinne. Yn in pear beammen tsjin de slieperdyk oan sieten seis swarte krieën, dy’t kollektyf de oanfal op in mûzebiter ynsetten doe’t dy oer de greide fleach. Oan de oare kant hearde se it konstante lûd fan in roekekoloanje. Mar Harmke wie sa fereale dat se der fierder gjin noasje fan naam. Se hie mar ien doel, Halbe. En dy makke der wurk fan, hy draaide it iene nei it oare nêst, se koe hast net kieze, se wienen stik foar stik prachtich. Nei in goed wike trêde Halbe har, se wist net wat har oerkaam. Dat woe se noch wolris! De oare deis lei Harmke har earste aai. It waar wie moai en se wie sa grutsk as wat. De nachts wie it ljochtskyn moanne en Harmke siet klearwekker op har earste aai. Moarn lis ik der wer ien, tocht se en hie no al sin oan in nije frijpartij mei Halbe. Healwei de nacht seach se in grut bist oankommen. Fan skrik skeat se fan it nêst, it bist kaam daliks har kant út en doe’t er wer fuort wie, soe Harmke werom nei har earste aai. Dêr wie near oars fan oer as in stikken fretten dop. Harmke wie ferbjustere en gûlde om it ferlies fan har aai. Doe’t se de oare deis Halbe it minne nijs fertelde, knikte dy. ‘In foks,’ sei er. ‘Dy komme hjir in soad foar.’

Harmke hat mei Halbe gjin piken grut krigen. Nei trije kear in mislearre briedpoging, twa kear waarden de aaien opfretten troch krieën, roeken en seefûgels, like it de tredde kear goed te gean. It gers wie wat langer en oan de ein fan april krige se fjouwer prachtige pykjes. ‘Sjochst no wol? Alles komt goed,’ sei se tsjin Halbe. Dy seach wat ûngerêst om him hinne. Dy nachts kamen trije foksen en in stienmurd de greide yn en makken alles dea dat libbe. Harmke, útrûpele nei sa’n swiere maitiid, sei net iens goeie tsjin Halbe, sa fertrietlik wie se. Doe’t se in lytse ploech bernleaze sijkes oerfleanen seach, betocht se har gjin momint en fleach fuort. Fuort fan de kânsleaze Fryske greiden, dêr’t gjin grûnbrieder ea noch in pyk grutbringe sil.

It jier dêrop gie Harmke dochs werom nei It Amelân. Se fûn in nije skarrel, lei fjouwer aaien, brocht al har piken grut en libbe noch lang en lokkich.

2 Comments on “Halbe en Harmke, in krystmearke

  1. Super goed ferhaal. Taheakjen eksploazje tal grûnpredatoaren troch mûzepleach.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *