Goede foarnimmens

IMG_5228

Bin der noch hear. Bytsje drok de lêste moannen. Drok mei fan alles, mar dêroer letter mear. It liket wol of alle jierren minder dagen krije en de dagen minder oeren. It sil der allegearre wol by hearre. We ha sûnt myn lêste post hjir in nije foaroanman yn de USA, in nûmer ien superstjêr yn de muzyk dêr’t ik noch nea fan heard hie en it skynt dat der dit jier ek wer it meast mosken yn de tún foarkomme. By ús rinne seis guozzen op it stuit, dus de mosken moatte harren der aardich by jaan om dat te oertreffen. De klysters slaan hjir foar master op, as de lêste stoofparren fan de beam mitere binne, tilt it der fan op.

Uit onderzoek is gebleken dat… Se freegje my nea wat, jim wol? Wa soenen dy minsken wêze dy’t se dat freegje? Ik ha yn myn libben noch nea immen troffen dy’t tsjin my sei: ‘No ha se my krekt belle mei de fraach…’ Noch nea. En dochs skermje se dermei dat se minsken benadere ha om harren oer in ûnderwerp te befreegjen. It sil wol. Ik fertink media derfan allemachtich mei sifers en oantallen te manipulearjen. Mar ja, dat kinne je fansels net hurd meitsje.

O ja, ik ha noch wat goede foarnimmens. Ien dêrfan is (hast) slagge. Op ien jannewaris ha ik besletten in moanne neat op Facebook te setten. It is no de 30e, dus moarn ha ik dat goede foarnimmen al ta in goed ein brocht. ‘Yes we can!’ (Wa sei dat alwer in kear doe’t er it bewâld oer in webside krige… Somebody that I used to know?)

It foldocht my eins prima, miskien knoopje ik der noch in moanne oan fêst, of nim op in oar stuit wer in moanne in sabbatical, as it simmer is of sa. Der is dochs nimmen dy’t je mist as je even net Feestboeke.

Noch in goed foarnimmen: Ik bin oant myn jierdei fan de pinda’s en oar bobo-fretten ôf. Dat is noch net sa maklik, want it is jûns wol gesellich en kôgje in pûde sjips leech. No dus even net. Kom ik ek wol oerhinne. Dus mocht ik op in feestje even net de tsiis en woarst oanfalle, witte jim no werom.

Fierder noch nijs? Jawis. Ik gean ynkoarten eat net mear dwaan. Dat sil ek gjin dramatyske gefolgen ha. Alles hat syn tiid. O, ik bin ek al fjouwer jier fan it smoken ôf. Dat fertelde myn partner in crime, dy’t op deselde dei stoppe is en der ek noch net wer mei begûn is. Ferskil is dat ik noch by de frou bin en hy net, mar dat sil dêr net oan lein ha, hoopje ik, oars wie ik mar wer begûn…

En we krije as it goed is jonge geiten. Jorrit hat syn willewurk yn stilte dien.

O ja. Ik ha in mail ferstjoerd. Mar dat dogge jim ek wolris. Dus ek gjin nijs. Of?

Kofje? Koekje by?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *