Gjin radio en TV hjoed

Cya9hV2WEAAx3ym

 

Hjoed ha ik gjin radio oan hân. Ek ha ik de TV net brûkt. Dizze moarn ha ik wol de krante lêzen, mar dêr stie neat oer de omstannichheden fan hjoed yn, dus dêr skûle gjin gefaar. Ik ha dus alle jammerklachten oer it waar bewust net oanheard, mar ik ha jûn wol heard dat se der west ha. It hat dus in goede kar west om my foar in dei even net mei de media yn te jaan. Ynstee dêrfan ha ik de geiten hea brocht, wetter jûn en fernuvere om my hinne sjoen nei de geweldige pracht dy’t de natuer ús dizze moarn skonken hat. It mearkelânskip nei in nachtfroast yn novimber makket my sielsgelokkich. De frou en ik ha de rinskuon oanlutsen en ha te kuierjen west. In kilometer as seis troch de droege friesloft. De lûden fan de guozzen yn it strakblauwe swurk klinke helderder as it ditsoarte waar is. Oan de Beetsterdyk rûgelen de ikeblêden ús om de earen nei de aardich swiere nachtfroast dy’t we yn jierren al net mear sa betiid hân ha. Op sa’n stuit kin ik my even hiel lokkich fiele. Dit waar past by Fryslân. It beripe gers, de guozzen, de wite beammen.

Dan ha ik echt in dei lang hielendal gjin ferlet fan al dy minsken dy’t in wite kryst ha wolle mei 25 graden boppe nul. Dy’t janke oer autoruten. Dy’t plaatsjes draaie dy’t harren oan de simmer tinken dogge.

Dan tink ik leaver oan hoe goed it foar de natuer is dat der wer ris froast komt. Dat it gnob en oar ûngedierte mei in bytsje winter moai ynkoartet. Dat de bougrûn al jierren wer ris goed trochfrieze moat om de struktuer better te krijen. En earlik sein hoopje ik dat de winter sa wreed wurdt dat de in moaie soad predatoaren deagean sille. Sa dat as de echte kening fan de greide, de ljip dus, oare maitiid wer nei de moaiste provinsje fan Nederlan komt, de kâns krijt om einliks wer ris in pear jongen grut te bringen.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *