Fries mes in Tweede Kamer

Terreurdriging

download (3)

Grutte opskuor yn in gebou fan de Twadde Keamer. Ien as oare amtner út Fryslân wie ferjitten dat er in knyft yn de bûse hie en naam it mei nei in oerlis oangeande it miljoenenprojekt Holwerd aan Zee. (Wêrom moat soks no daliks wer yn it Nederlânsk?)

Soks is fansels net sa snoad, mar it kin wol in sauske mei nuânse oer him hinne ferneare. Der is neat mis mei in mes. Ik ha fan jongs ôf oan altyd in mes yn de bûse hân. Soks wie sa normaal as in bûsdoek of in mobile telefoan. It hearde gewoan by de saken dy’t je by je ha moasten. Yn it gefal fan de boerestân wie it trochsnijen fan pakjetou in reden. (‘By de knoop trochfykje, dan kinne wy der letter tou fan draaie of sturtfrissels mei flechtsje.’)

Foar talleaze deistige saken wie it mes in gewoan gebrûksartikel. De Fryske Wâlden ha wat dat oanbelanget de namme mei harren adoraasje fan de F. Herder, mar nim fan my oan dat oeral op it plattelân, ek op de klaai en it fean, it bûsmes yn talleaze overalls sit. En net allinnich yn Fryslân, mar oeral.

De panyske reaksjes fan gesachsdragers as se ien mei sa’n mes trappearje, sa as se dat sels dan graach bringe, is bûten alle proporsjes. Tinke jim no werklik dat immen dy’t foar in moai projekt nei Den Haag giet te lobbyen dat krêft bysette wol mei in sylknyft? Wa soe er dêr dan read mei snije moatte om effekten te generearjen? Dikke flauwekul. It oerspande en oerbesoarge reagearjen hat mear te krijen mei in net witte wat wy hjir op it plattelân as tige gewoan fine en wat yn de mear stedelike omjouwings as bedriigjend beskôge wurdt. En mei reden, want immen dy’t yn de stêd mei in flintermes omrint, sil grif net fan doel wêze om der hea mei los te meitsjen.

It is de bestjoerlike en politike ûnmacht om sa as yn in soad saken om organisatoaryske en praktyske redenen alles oer ien kaam skeare te moatten en gjin romte yn it belied te kreëarjen (of kreëarje te wollen?) foar ûnskuldige ferskillen. En de tryste konklúzje moat dan sa as altyd wêze dat de goeden it ûnder de kweaden belije moatte.

As de plysje yn Den Haag in wyt fuotsje helje wolle, stjoere se dat knyft werom nei de eigner. Dy hat der neat ferkeards mei yn it sin.

UPDATE: De befeiliging hat belle, it mes komt werom!!!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *