Freonen foar it libben

Moaie dei

Hjoed belibbe ik de moaiste middei fan 2016 oant no ta. It jier is 22 dagen jong, dus der kin noch fan alles barre, mar it moat wol hiel moai wurde wol it tsjin dizze glorieuze pear oerkes konkurrearje kinne. Ik ha hjoed myn kameraden wer ris meinaam de natuer yn. Myn âlde maten, dy’t ik sa no en dan wol in jier as wat net sjoch, lit stean dat ik mei harren praat. Hjoed wienen se wer ris oan bar. En sa as dat mei echte kameraden giet, kleie se nea. It fielde daliks wer goed en fertroud, as hie it juster west dat ik harren foar it lêst sprutsen hie. En dat wie net sa. Dizze beide freonen fan my binne myn maten sûnt 1984. Doe troffen wy elkoar en ha nea wer om oaren út west. Wat goed is is goed en dêr hoege je neat oan te feroarjen. Se wurde mei my âld. Myn kop komt stadich fol mei rimpels, sy drage de jierren fan fetleas wachtsjen ek sichtber mei harren mei. Hjir en dêr komme rustplakken, krekt as by my rimpelet it lear ek by harren. Mar dat is net slim, de driuw op basis fan adrenaline om noch ta grutte hichten te stigen is der sawol by harren as by my út. Wy beheine ús ta freonskiplik mei-elkoar omgean. En dat past sa ferhipte goed, dat we der allegearre net oer prakkesearje om der wat oan te feroarjen. It is goed. Wat ha wy wer in moaie middei hân. Nei de tiid wie ik sa sloech as in baarch, sy woenen efkes foar de kachel lizze. Dat wie gjin probleem, foar echte maten ha je alles oer, dus ha ik harren de romte mar jûn. No lizze se ûnder de trep, want it ôfskie foar ûnbepaalde tiid docht altyd wer ferhipte sear. Mar leave freonen, ik bin en bliuw loyaal oan jimme, sit der mar net oer yn.

20160122_184430_resized

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *