Fragmint út Guozzeflecht

Норильск

Wêrom, sille jim sizze, wêrom in fragmint út myn debútroman op Stikelstekker? No, as jimme dat witte wolle, soe ik moarnier mar even nei Omrop Fryslân harkje. Want dy hat de echte primeur. 06.45 live op de radio en tsjin njoggenen in koarte weromblik. Tipke fan de sluier: Norilsk.

In soad wille mei it lêzen fan dit koarte stikje út myn earste boek.

…De oare moarn om seis oere hinne sieten de twa achter in opslachloads op it kâlde treinekompleks. Yn de nacht wienen se yn in âld boatsje de rivier ûnder Doedinka oerstutsen.  Alderhanne wagons en lokomotiven stienen as in mozayk kris kras trochelkoar. It hiele terrein waard mei grutte lampen ferljochte. In kliber folk rûn sa te sjen as in kyp sûnder kop fan de iene nei de oare wagon.

Jan koe der gjin tou oan fêstknoopje. ‘Hoe witte we no wêr’t wy yn moatte?’

‘Rêstich bliuwe, it wurdt fansels dúdlik.’

‘Giet dat hjir elke nacht sa?’ Jan siet der fernuvere nei te sjen.

Jari knikte. ‘Sa, dat is ús trein.’

Neidat de rige yn de goede folchoarder brocht wie sette it folk ôf.

‘Dy geane op bêd, sa te sjen. Dat soe foar ús ek net ferkeard wêze,’ sei Jan.

Krekt oer seizen slûpten de twa nei in wagon dy’t harren gaadlik like en klommen deryn. Hiel stadich kaam de trein op gong. ‘Sa, no giet it fansels.’ Jan hie it noch net sein of mei in skok stie it hiele spul wer stil.

‘Wat no wer?’ Jari skode de doar iepen en seach by de lange rige wagons del. Sa stil as it koe die er him wer ticht.

‘Is der wat?’

‘Stront oan de knikker! Allegearre soldaten.’

Jan loerde troch in gat dêr’t in planke ûntbruts de oare kant fan de trein del. ‘Se binne oeral!’ Hy hifke de opsjes. ‘Mei in útfal berikke we net folle, dan ha wy de hiele ploech achter ús oan.’

Jari siet tsjin de kant en blaasde tusken de tosken de longen leech. Hy liet de holle achteroer sakje. ‘No, dit is wol in dom ein, sa hie ’k my dat net…’ Hy makke de sin net ôf. ‘Sjoch!’ Hy wiisde nei it dak fan de wagon. Der siet in lûk. Jan luts in kiste oan en besocht it iepen te dwaan. Mei in soad gepiip slagge it. ‘Nei boppe. As se dizze wagon hân ha, wer deryn en hoopje dat se net weromkomme.’

‘Dy gok moatte wy nimme.’

Jan seach noch in kear nei bûten. ‘Se binne al healwei. Opsjitte!’

Har bepakking setten se earst op it dak en doe krûpte Jari derop. Jan skode de kiste wer op it plak dêr’t er stien hie en sprong nei de hannen fan Jari. Dy hyste him omheech. Se leine beide plat op it liif. De soldaten kamen fluch tichteby.

‘Dat lûk pipet te bot,’ flústere Jari.

Jan wie efkes yn berie mar hie wol yn ’e gaten dat it iepen lûk net te missen wie by de kontrôle. Hiel foarsichtich gie er op de knibbels sitten en hy pisse de skarnieren wiet. Foarsichtich wipte er it lûk hinne en wer oant it focht ta de rustige ferbining trochkrong. Stadich, hiel stadich, sûnder lûd te meitsjen sakke it lûk ticht. De doar oan de sydkant fan de wagon waard iepenraamd. Jan liet it lêste kierke tichtfalle. It mocht dan licht frieze, it swit dripte him fan de holle op it daklear fan de wagon. Hy gie wer plat op it liif lizzen. It gesicht fan Jari wie in mingeling fan eangst, ferbjustering en bewûndering. Hy stuts de tomme omheech. Jan fage it swit fan de foarholle. Twa soldaten kjimden de wagon út en makken dêrby gjin heal wurk, alle lading waard iepenbrutsen en neisjoen op ûngerjochtichheden. Sa te hearren wie alles ynoarder, de doar gie wer ticht. Jan en Jari lieten har yn de wagon sakje, it like mei in sisser ôf te rinnen. Harren wagon wie ien út it middelste stik fan de trein. It duorre noch in skoft foar’t de soldaten alles trochsocht hienen. Oan de ein fan de rige spoarweinen klonk geraas. Jan kipe troch it gat yn ’e wand. Op de kâlde grûn siet in man dy’t se blykber yn ien fan de lêste wagons fûn hienen. Hy hie de hannen yn ’e nekke en waard troch twa man ûnder skot holden. Trije offisieren kamen by de trein delrinnen. De wagon dêr’t de man ynsiet, waard nochris ûndersocht. De soldaten namen him mei, se rûnen nei de foarkant fan de trein en passearren de twa yllegale passazjiers. Jan skrok doe’t er it mei groeden tekene gesicht fan Vladimir seach. Hy hie in dreun op ’e holle krigen, it bloed streamde by de hals del de klean yn. Jan liet him op de flier sakje mei de rêch tsjin de wand fan it treinstel. Hy sleat de eagen en besocht de gedachten te oarderjen. It slagge net.

De trein stie noch in healoere stil. De krite waard stadich rêstiger. De soldaten hienen har fangst binnen en marsjearden yn gelid ôf mei Vladimir yn har midden. Mei in hipke kaam de gong wer yn de lange rige wagons.

‘Wat bist wer ferrekte drok,’ sei Jan.

Jari kaam oerein. ‘Ik sil it dy mar earlik sizze, ik ha hast yn ’e broek skiten, sa benaud wie ’k.’

‘Kin ’k my yntinke.’ Hy kloppe him op ’t skouder. ‘Dit wie tichtby.’

Jari lake. ‘Knappe fynst, skarnieren wietmige.’

‘Kontrolearre pisje, hjit dat.’

‘Yn ’e oplieding leard?’

‘Nee, sels betocht. Noch in gelok dat ’k him fine koe yn dizze kjeld. Wannear moatte wy derút?’

‘Foarby Norilsk, de kant fan Talnach in ein út. Der leit in grutte spoarbrêge oer de Norilskrivier.’

‘Stoppet de trein yn Norilsk?’

‘Dat ferskilt, de iene kear moat alles opnij yn folchoarder brocht wurde, de oare kear toffelt it spul sa troch.’

It wie in oere as twa yn de middei, doe’t de trein neieroan it mânske stasjonsgebiet kaam. Hy mindere gjin gong. It hiele spul skode tusken tsientallen stilsteande wagons op lytse stikjes spoar troch. Nei in healoere lei Norilsk achter har. ‘Dit liket derop, gjin ferfelende kontrôleboel,’ fersuchte Jari.

‘Mei it ús ek in kear meisitte?’ Jan stuts ien op en postearre him sa dat er troch it gat yn ’e wand fan de wagon nei bûten sjen koe. ‘Hoe fier foar’t wy derút moatte?’

‘Oardel oere, ha ’k it op.’

Jan liet de dingen dy’t by it op de trein stappen bard wienen, nochris yn him omgean. Fan alle minsken dy’t er dêr ferwachte hie, wie Vladimir wol de lêste. As er de boel yn Igarka al bedondere hie, hoe kaam er dan op in stasjon yn Doedinka? Wat wie echt en wat foar rol spilen Pjotter en it leger? Hienen se Vladimir frijlitten en har letter betocht, of wie er ûntsnapt? En dan fansels Vladimir de earste. Wêr soe dy no sitte? Jan syn gedachten dwaalden hinne en wer, mar in patroan koe er net gewaarwurde. It ienichste wêr’t er aardich wis fan wie, wie dat er mei in kastrearre Fin yn in trein siet. In moai ein it easten fan Ruslân yn. Sels dat Jari syn spul der net mear oansiet, koe er net mei wissichheid sizze. Syn motto, earst sjen en dan leauwe, woe er dizze kear lykwols mar mei in kerrel sâlt nimme.

Tsjin fjouweren seach Jan dat Jari syn rûtekaart kloppe as in bus. De trein mindere faasje, in lange bocht yn ’t spoar soarge derfoar dat it spul rjocht foar in lange brêge oerkaam. Jari wie yn sliep fallen, it frege nochal wat ynspanning om him wekker te krijen. ‘Ferdikke, hoefier binne wy?’ Hy gappe lang en mei in soad leven. Troch it gat yn de wagon seach er nei bûten. ‘Krekt, hjir is ’t .’

De doar oan de linkerkant skoden se iepen. Trochdat de bocht nei rjochts gie, koe ien dy’t sa snoad wie en hâldt de trein fan út de lokomotyf yn ’e gaten nea sjen dat se derôf sprongen. Jan syn skinebonke kaam tsjin in skerpe râne fan in stien. Hy flokte fan de pine.

‘Alles goed?’ Jari kaam hastich oan rinnen.

‘Ik leau dat it tafalt.’

Hy skuorde de bokse omheech, it blette al, mar brutsen like it net te wêzen. ‘Dat fielt net noflik!’

Jari griep nei Jan syn bepakking mar dêr woe er neat fan witte. ‘Hjir mei dy rotsoai! Dat kin ik sels wol.’

De trein ferdwûn yn ’e fierte. It lûd feroare doe’t er oer de spoarbrêge dindere, dêrnei gie it yn de gewoane kadâns fierder. De mannen folgen it spoar, oant se sawat oan de rivier ta wienen. Se setten har oan de kant tsjin in beam en wachten oant it tsjuster wurde soe…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *