Ferwrongen stiel

Samar op in woansdei

‘Hoe is ‘t? ‘
‘Goed. En mei dy?’
‘Moah, koe better.’

Yn njoggen fan de tsien petearen is dizze konstruksje net oan de oarder. Minsken wolle dat op ien as oare wize net. En de tsjinpartij wol it net hearre. Want it is folle makliker om te sizzen dat it goed giet. Dan ha je dat precaire, ûnwisse stik fan it petear mar hân en kinne jo oergean ta it oppervlakkige gejeuzel dat nea sear docht, nea earne oer giet en foaral de djipte net yn giet.

It is konfrontearjend, mei immen prate oer saken dy’t je dwaande hâlde. Dat dogge jo net samar.

Juster siet ik tafallich nei in stikje TV te sjen dêr’t ik suver noch efkes langer oer neitocht ha. Dat is op himsels al in wûnder, want der is net folle op TV dêr’t ik, neidat ik it sjoen ha, noch wer ris oer neitinke wol of moat.

Juster seach ik in lyts stikje fan in redaksjefergadering fan it programma De Wereld Draait Door. It skynt noch altyd in populêr programma te wêzen, ik bin in jier as wat lyn al ôfheakke fan dit randstedelijke gedrocht. In overkill oan Jan Mulder en konsorten is net goed foar myn ynwindige geastlike tastân. Boppedat is it de minachting ten top hoe’t dy lju mei muzyk omgean. Alles yn in minút. Ferskriklik. Mar as minsken der nei sjen wolle fyn ik it prima.

‘Hoe is ‘t?’
‘Goed. En mei dy?’
‘No, eins kut.’

Foar in soad minsken sil dat skrikken wêze. Dy redaksjefergadering fan DWDD liet efkes sjen hoe heech it stresnivo fan de belutsen partijen is. Se hienen it brûs noch krekt net op de bek stean. Mar wat in geweldige drive, wat in karriêre, wat in kollektive wiete dream om alle dagen mei in hertslach fan boppe de 100 oan de slach te gean. As je dêr earst mar sitte, yn de redaksjefergadering fan DWDD. Dan ha jo it wol makke yn dizze wrâld.

Wat in earmoede. Wat in geastlike earmoede. Matthijs van Nieuwkerk syn gesicht wie krekt in bult ferwrongen stiel fan it World Trade Center neidat dêr in idioat mei in fleantúch yn flein wie. Oant dat magyske momint dat it reade ljochtsje fan de kamera oan gie. Doe fierde er syn deistige show op.

‘Hoe is ‘t?’
‘Goed. En mei dy?’
‘Ach, ja…’

Ik kaam hjoed immen tsjin en wy ha in pypfol praten. In frijwat ûnskuldige iepener:

‘Hoe is ‘t? Hast it wat yn de macht?’
‘Ik ha it wol yn de macht. En do? Wêr giest hinne?’
‘Huh? Wat bedoelst?’
‘No, gewoan. Do sitst yn in auto, wêr giest hinne?’
‘O, sa. Ik tocht dat it filosofysk bedoeld wie…’

In healoerke fierder bliek dat der mei de measte minsken wol wat efter ‘Goed. En mei dy?’ oankomt. En dat it yn guon gefallen ek wol ris noflik is om dat in kear gewoanwei út te sprekken. Neat mis mei.images

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *