Eelke Lok

65

download

 

Wy skriuwe de winter fan 1979. De Fryslân leit ûnder in tsjok snietek. Mei in hurde wyn der by wurdt de situaasje penibel, wy belibje in sniestoarm sa as dy net faak foarkomt yn dizze kontreien. Frysk eigen as wy binne, de radio oan. Ik wie tsien en hearde foar it earst nei de Frysktalige ferslaggen fan wat se no, yn dizze dwaze tiid, grif mei in megaramp oantsjutten hienen. Mei alle jûnen in blik deskundigen op tv der by, dy’t ús fertelden wat wy dwaan moasten om te oerlibjen. God ferbiede dat der nochris sa’n stoarm mei snie komt, de ergernis oer de bysaken soe grif oerhearskje.

Op de radio hearde ik yn 1979 in donkerbrune stim dy’t dei oan dei ferslach die fan de wichtichste ûntjouwings. Net opkloppe, oerstjoer en kommersjeel rjochte, mar gewoan to the point, en Frysk. In moaie stim om nei te harkjen, in radiostim, sa’t se dat neame. Dy persoan mei dy moaie stim hat jierren boechbyld west fan ien fan de bêste Frysktalige radioprogramma’s dat der ea west hat. Op freed wie it yn huize De Jong fêste prik. ‘No stil, want It Wapen begjint!’ De tiid dat politisy mei it swit ûnder de earms nei de studio kamen om troch de presintator ûnder fjoer naam te wurden. De skiednis nei It Wapen fan Fryslân hat ús leard dat hy de lêste wie dy’t de bestjoerders echt op it harspit doarde te lizzen. Guon dy’t de sinne net yn it wetter skinen sjen kinne, neamden him ûnfatsoenlik, omdat er frege wat er witte woe, sels al gie dat soms tsjin de fatsoensrakkers harren natuer yn. As de politsy om de hite brij hinne draaiden, seage er harren troch, oant se ynwandich sa lilk as in spin wienen. Mar der kamen antwurden, en dêr giet in om by in programma dêr’t je minsken befreegje.

Letter kaam er in skoft deistich mei in kollum op de radio, makke dokumintêres, die it tv ferslach fan it skûtsjesilen en wat net mear. Foaral yn de kollums koe er him útlibje. Alles dat him net noaske, ferwûndere en dwaande hold, koenen wy in skerpe analyze fan ferwachtsje. Altyd mei dy moaie donkerbrune stim, al dy jierren lang.

Op ien septimber 2015 naam er offisjeel ôfskie. Hy waard 65 en giet mei pinsjoen. En dus docht er gewoan troch. Want hy kin him de bek net hâlde. Hy moat en sil jim fertelle wat er fan de gong fan saken yn Fryslân en dêrbûten fynt. Lokkich hat er dêr noch altyd in poadium foar, want wat soe de Fryske radio wêze sûnder it bekende lûd fan dy sjoernalist út De Gaastmar?

Neffens my is Fryslân Eelke Lok in tankwurd skuldich foar 40 jier fakwurk.

2 Comments on “Eelke Lok

  1. In moai stik oer in ikoan fan de Fryske radio. Dat programma It Wapen fan Fryslân wie yndied in sterk stikje sjoernalistyk
    Wat my ek noch heucht is de fuotbalwedstriid Heerenveen-AZ yn de earste divyzje, wannear’t dat krekt wie wit ik net mear. Eelke Lok siet alle thúswedstriden op de tribune foar Radio Fryslân, sa’t dat doe noch hiet. Yn dy wedstriid rôle Heerenveen AZ op mei, leau ik, 7-1. It spektakel wie foar de Hilversumse omrop blykber sok grut nijs dat Eelke it lêste stik fan de wedstriid yn Langs de Lijn live ferslach dwaan mocht fan de wedstriid. Dat barde inkeld wol ris faker as de aktualiteit der om frege. Dat wie wol spesjaal want earste divyzjewedstriden waarden noait op de radio útstjoerd.
    Eelke wie neffens my ek fan fan Mezzo Forte, de Iislânske band. En dan benammen it nûmer Garden Party. Dat waard faak draait op sneintemiddei as Eelke it sportprogramma presintearre op Radio Fryslân. https://www.youtube.com/watch?v=Brk_GByvouY

  2. Pingback: Blog Ferdinand de Jong: Eelke Lok | ensafh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *