Deade oaljefant

Hufters mei gewearen

Litte wy foarop in pear saken helder stelle. Ik bin gjin fegetariër. Sterker, ik bin gek op in lekker stikje fleis of in goede drûge woarst. De falske anty fleis iters lobby lit ik dus foar wat it is.

Ik bin ek foar it weidzjen fan it fee yn de greide as dat om de bedriuwsfiering kin. As it net kin fyn ik it de kar fan de boer.

Ik ha gjin hekel oan Dútsers. Dyselden dy’t ik ken binne prima ûntwikkele minsken. Fatsoenlik ek noch.

As boeresoan mei leafde foar alles dat libbet bin ik dochs folslein foar de jacht. As it teminsten in doel hat.

Ik ha it goed foar mei greidefûgels en net mei foksen, marters, murden, swarte krieën en alle oare bisten dy’t de oerhân krije omdat se net mear bejage wurde meie. Ik sjoch it al 25 jier barren, de ljippen ha gjin inkele kâns mear en dat leit net allinnich oan de boeren.

Wat my oanbelanget sjitte se ek in moai part fan de simmerguozzen der by wei. De yllúzje dat we hjir ‘natuer’ ha, is foar PvdD stimmers earne yn Amsterdam. Nederlân is ien grut oanharke park dat syn ûnderhâld nedich hat.

Mar ik ha wol in hekel oan dwazen dy’t safolle jild oer ha dat se €53.000 deltelle om in 60 jierrige oaljefant del te sjitten en der dan ek noch mei in gewear yn de hân by te posearjen. Op dat stuit krij ik in hekel oan dy Dútser en hoopje dat soks nea wer barre sil. It feit dat se dy hufters op websiden fan jagers ek noch de himel yn prize is hielendal om fan te koarjen. Neffens my grize de measte jagers der ek fan. Dizze praktiken wurde oars snoeihurd oanpakt, ik begryp net dat se dizze man net oppakke en foar in moai oantal jierren efter de doar sette. Mei in trochladen gewear njonken syn bêd en op de doar in papierke. Der hoege mar in pear wurden op te stean:

de0cd1e6-dd27-4e75-94dc-b6f2f9eb302f

Toe mar, sjit dy sels mar troch de kop. Of doarst no net? Leffert!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *