De superheffing is dea, leve de superheffing!

Oeral dêr’t te foar stiet…

download

As je op in sneontemoarn op de fyts stappe en in moai tochtsje meitsje troch it Lege Midden, is dat beslist gjin straf. Teminsten, as der gjin reinwetter foarsein wurdt. Want dan feroaret Fryslân yn ien grutte stjonkende driuwdongkolk. Tiden hawwe tiden, wy hienen thús rûge dong en jarre, mar dat is praten yn alearen en dêr sjitte wy neat mei op. Hoewol ik earne lies dat dy oplossing dochs net sa min wie en miskien wol better. Mar klear.

Ik ha wolris earder oer it jier 1984 op ‘e tekst west. It jier dat de wrâldferneamde superheffing ynfierd waard. De doarren fan de pakhuzen knapten doe hast iepen fan de berch bûter dy’t produsearre wie en gjin keaper foar fûn wurde koe.

Foar my pakte de superheffing striemin út, mar dêr eamelje ik net mear oer. Hat gjin doel.

Jierren wrakselen de boeren mei dy superheffing. De waarden foar grou jild produksjerjochten ferkocht dêr’t mannich hypoteek foar ôfsletten wurde moast. Wy fregen ús wolris ôf oft se dat der ea wer útmelke koenen, mar de ekspânsjedrift fan guon agraryske ûndernimmers wie sa grut dat as buorman syn lân dy iene kear te keap kaam, der gjin rem op siet en it beslist kocht wurde moast.

Jierren lyn wie der al sprake fan dat de superheffing ea ôfskaft wurde soe. Dat soe de datum wêze dat de reis nei it beloofde lân fan molke en nochris molke syn beslach krije soe. Yn de oanrin bouden de boeren grutte, iepen, ergonomysk prima en ljochte stallen, om it fee sa goed mooglik produsearje te litten. Doe’t de finale datum de wrâld yngie, de datum dat de ûndernimmers wer sels bepale mochten wa’t it measte molke op de merk krije koe, like it wol as gie it echt los. Der waard ekstra jongfee oanholden en ik hold de siken yn. Want sjoen de ûntwikkelings koenen je op de klompen oanfiele dat hjir in klap op komme soe. De molke, yn al dy jierren mei goud betelle, keldere yn priis. In pear dwerskneppeljende lannen smieten de grins ticht en de stâlbouwers fan Fryslân litte yn de woastyn mega grutte molkfeebedriuwen ferrize. Mar de superheffing soe der ôf, dus alles soe better wurde.

Yntiids witte de boeren dy’t de superheffingsrjochten djoer ferkocht ha, dat se al rintenierjend nei finansjeel wrakseljende eks kollega’s sjen kinne. It earste praat oer fallyt geande boeren is al hjir en dêr te hearren. De ‘koöperaasjes’ (ik sil dy ta in megalomane rotbinde ferwurden multinationals, dy’t ea troch boeren oprjochte binne, nea wer koöperatyf  sûnder skrapkes neame, want yn in koöperaasje soenen de boeren it úteinlik sels foar it sizzen ha moatte, mar dy tiid is troch managers en CEO’s mei tonnen traktemint en bonus der op ta ynhelle en dat opfrettende laach sil nettsjinsteande de superlege molkpriis nea in sint ynleverje wolle, dus net koöperatyf wêze en dus mei in bedriuw dêr’t se safolle jild foar harren sels út lûke, net mear de nostalgyske namme koöperaasje drage. Boeren binne troch ekspânsje ferwurden ta de arbeider fan fabryk en, noch slimmer, de supermerken, dy’t it kwa priissetting foar in grut part it sizzen ha. Dat ha se net hielendal sels dien, mar de blynkapen foelen harren te let foar de eagen wei, en doe wie de manager en CEO al de baas dêr’t se harren nei skikke moasten) ha safolle kapasiteit byboud dat it like as koe it net stikken.

Oeral dêr’t te foar stiet is net goed, learden wy. No, dan binne de boeren goed oan bar. Te lege molkpriis. Te swiere overhead. Te min ôfset. Te min fisy by de beliedsmakkers. En te plakkerige blynkapen. Mar de nije stâl is prachtich, hear. Ek de nije fabriken sjogge der prachtich út. Machtich moai, mar wat ha je der oan?

It docht nei 1983 opnij sear om dit mei te meitsjen, sels al ha ik der yn prinsipe neat mear mei te meitsjen. Mar boer wurde je net, dat binne je. Dus docht sels fanôf de sydline sear.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *