De moraliteit fan de PvdA

Kinne de kranten stakings noch wol ferneare?

download

De FNV hat it leanbod foar de printers fan de NDC groep en oare drukkers fan kranten ôfslein. It bûn beriedt him no op aksjes. It soe dus samar sa wêze kinne dat de minsken dy’t noch in krante lêze, oer net al te lange tiid konfrontearre wurde mei in lege brievebus omdat der stakings binne.

Fansels hat eltsenien rjocht op in fatsoenlik lean. De twadieling yn de troch VVD liberaal Nederlân regearre mienskip (der wie er wer, it stopwurd fan it jier) wurdt mei de dei grutter. Ik lies earne dat de bazen eartiids 30 kear mear lean barden as de wurknimmers, no is dat 300 kear.

Yn de krante stie hjoed dat Stichting Leergeld steeds faker byspringe moat om derfoar te soargjen dat bern op skoalle op skoalreiske kinne en de learmiddels krije dy’t ferplichte, mar djoer binne. Juster hie ik it der mei immen oer. Dy wie ek fan miening dat it net goed komt mei ús mienskip, as de ûntjouwings sa fierder gean. En dat wy dat  grutte fallyt noch meimeitsje sille.

De minsken mei genôch of tefolle jild lykje harren al mar mear te isolearjen yn harren eigen feilige krinkje, net fan doel om ek mar in euro yn te leverjen. Sy rinne resepsje nei resepsje ôf en kommunisearje op al dy feesten mei harren gelikensens sûnder echt om harren hinne te sjen wat der loos is.

Wy drave ûnder dit lânsbestjoer ta op de tiid dat de adel en de rike boppelaach it foar it sizzen hie. It ferhaal yn de LC fan hjoed jout te tinken. Goed dat it opskreaun wurden is en ûnder in grut publyk fersprieden. Yn in fan oarsprong reade krante soe der neffens my folle en folle mear oer de groeiende ferskillen tusken earm en ryk skreaun wurde moatte. Mei in toskleaze tiger PvdA yn it regear skjirret dat fansels tige en komt it oan de woartels fan de krante. Mar miskien kin it berjochtsjen oer de matearje as effekt krije dat minsken yn dy partij harren efter de earen klauwe en neitinke oer wat wichtiger is, it plús, of de mienskip dêr’t se altyd fan sein ha dat se dêrfoar steane.

Ik freegje my ôf oft de kranteprinters harren de lúkse fan stakings feroarloovje kinne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *