De meast waardeleaze song oer reinwetter

Rain.

Yn de popmuzyk binne de measten nûmers skreaun mei as tema? Krekt, de leafde. Yn al syn foarmen. Slagge, mislearre, ûnberikber, wreed, net beantwurde en sa binne der noch talleaze konstruksjes dêr’t de songwriters harren kreative geasten oer gean litten ha.

Trouwens, it skriuwen oer popmuzyk ropt altyd argewaasje op, want je binne it hast nea iens. De iene rint fuort mei Madonna, de oare swart by in trash metal band mei in obscure namme.

Njonken de leafde is der yn de skiednis ek in soad skreaun oer it tema rein. Soks ta myn grutte freugde. Want reinwetter hat wat mear fergif yn him as it om de teksten giet. Fan rein wurde je wiet. De measte minsken wolle leaver net wietreine, dus skriuwe se der mei in oar gefoel oer. Lilkens, frustraasje, mar ek wer dyselde leafde. Want in mislearre leafde is goed te kombinearjen mei stronttrochwiet reine.

Ik wit noch goed dat as it eartiids tige droech wie en der nei sa’n droege rite einliks rein foarsein waard, in net neier te neamen famyljelid wolris sei: ‘As it aanst reint, draaf ik yn de bleate kont om hûs.’ Ik leau net dat it der ea fan kaam is, ik ha it yn elts gefal net sjoen.

Der binne prachtige nûmers oer rein makke. Ek yn it Frysk. Flotsje fan Bricquebec bygelyks. Reine om te ferjitten. De mienings sille der wol wer oer ferdield wêze, in top trije fan moaiste nûmers sil ik my mar net oan weagje. Hoewol, Status Quo soe der grif yn stean.

In top trije fan freeslike nûmers oer rein is ek te meitsjen. Wat te tinken fan Milli Vanilli mei Blame it on the rain? Of ús eigen Ritme van de regen troch Rob de Nijs? Sorry, beide fyn ik freeslik. Mar it kin noch slimmer. De meast pretinsjeleaze flutsong oer reinwetter komt op namme fan de romrofte band Queen. Fer-skrik-lik.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *