De kul yn in bargebek

Britske humor

images (1)

De Britske premier David Cameron hat ek jong west, sa stiet hjoed yn de krante. Hy hat ek nei skoalle reizge en studearre. Doe’t er mei dat lêste begjinne woe, moast er earst noch efkes syn kul yn de bek fan in deade baarch stekke en doe hearde er der by.

Wat sei?

Ja, dat stiet hjoed yn de krante. In eks kollega fan him, de eardere pinningmaster fan de konservative partij en segene mei de namme Michael Ashcroft, hat in boekje skreaun. Dat dogge hjoed de dei in soad minsken, mar guon dy’t harren dêryn ôfreagearje op oaren binne faaks de bestsellers. In oar syn leed is hearlik, no?

Dy ynwijingsrituelen fan de achte studintekorpsen wolle hjir en dêr noch wolris wat deaden opsmite, in trachter yn de mûle en dan mar drank opsûpe litte en mear fan soks fraais.

Hoe dan ek, ús David hat him dus oan in deade baarch fergrepen, as Michael de wierheid opskreaun hat. Neffens my tinkt Cameron no dat se Michael mar ris flink yn syn ASShcroft nimme moatte, tinke jim ek net?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *