Canadian rivival

Kanada hockey: Fan de flier op de souder?

It is alwer in skoftsje lyn dat ik hjir wat skreaun ha. Dat komt omdat ik it aardich drok hân ha de lêste moannen. Dat is gjin ekskús, dat wit ik wol, mar der wienen oare saken dy’t oandacht fregen. Mar no’t it iishockeysseizoen der wer op sit, de fuotballers hast klear binne en der noch wat saken ôfsletten wurde koenen, ha ik wer wat mear tiid. Soms.

Ien fan de saken dêr’t ik it even oer ha wol is de opmerklike omslach yn de National Hockey League yn Noard Amearika. Sa as jimme miskein wol witte is iishockey de wichtichste sport fan Kanada. Wat fuotbal hjir is, is hockey dêr. En wat wie de nasjonale stimming ferline jier tryst. Yntryst mei ik wol sizze. Want net ien fan de sân Kanadeeske teams helle de play-offs foar neffens my de âldste trofee yn sport, de Stanley Cup. Dy waard yn 1893 foar it earst wûn troch De Montreal Hockey Club.

Hiel Kanada wie yn mineur. Nei de reguliere 82 wedstriden yn de kompetysje gjin ekstra spanning yn it toetje fan it jier. Ik wit út eigen ûnderfining hoe bot it dêr libbet, doe’t ik dêr yn 1987 staazjerûn ha, spilen de Edmonton Oilers tsjin de Philadelphia Flyers en it lân lei stil tidens dy wedstriden.

Hjir yn Nederlân wie de kompetysje ein maart dien, mei in tige suksesfol Unis Flyers as de terjochte kampioen, mar yn de NHL begjinne de play-offs dizze wike pas. 16 teams ha harren pleatst en woansdei giet it los mei daliks in wedstriid dy’t in finale wurdich is, nammentlik de rekôrkampioen Montreal Canadians mei it yn it eigen Bell Centre opnimme tsjin de New York Rangers. Dus in Kanadeesk team, sille jim tinke. Ja, mar der hat in spektakulêre omkear west dit jier. Ferline jier dus gjin Canadians, Toronto Maple Leafs, Calgary Flames, Edmonton Oilers, Ottawa Senators, Winnipeg Jets en Vanvouver Canucks yn de play-offs.

Hoe oars is it dit jier. Neist Montreal ha Toronto, Ottawa, Calgary en Edmonton harren pleatst. Winnipeg krekt net en Vancouver nei ferwachting net, want dat is in team dat yn in saneamde rebuild sit. De seleksje ferjonget en dat hat syn tiid nedich. Oer in jier as trije, fjouwer sille wy sjen wat dat opsmyt.

cut

Mar Kanada kin har opmeitsje foar in tige spannende moanne april. Ik bin bang dat dêrnei it oandiel klups út iishockeylân nûmer ien drastysk redusearre wêze sil. It skema jout oan dat Calgary tsjin de sterke Anaheim Ducks moatte, dy’t winner wurden binne fan de Pacific Division. Liket my in drege saak. Edmonton moat tsjin San José, dat kin beide kanten út. Dan Montreal tsjin New York, Montreal begûn dit jier mei in rekôrsearje en hat mei Gary Price de bêste keeper fan de wrâld. As dy goed is, kin Montreal fan New York winne. Ottawa moat tsjin Boston, neffens my soe Ottawa dat winne moatte, mar Boston hat in soad ûnderfining en is taai as hier. Kin ek beide kanten út. Toronto treft it net, dy moatte tsjin it sterkste team fan dit jier, de Washington Capitals. Dat is in echt powerhouse mei in izersterke Alex Ovechkin dy’t dit jier folle mear stipe om him hinne hat. De grutte favoryt foar de titel. Ik ferwachtsje in finale tusken Washington en Chicago, mar ik hoopje op ien tusken Montreal en Edmonton. We sille it de kommende wiken allegearre sjen. Wylst hjir de protters al hast wer fan it dak miterje, is it wer de tiid fan it jier dat ik alle dagen benijd op myn Samsung sjoch wat de nacht oan útslaggen brocht hat.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *