Bucket list: Min 1

De mûlharp

Soa. Je moatte alles ris meimakke ha. Nei juster kin der foar my wer ien fan de bucket list ôfstreke wurde. Eartiids thús op de boerepleats yn Oranjewâld wie it heit dy’t sa no en dan it laad fan de nutehouten kast iepen die en dêr twa doaskes úthelle. Ien doaske fan plestik, it oare fan karton. It kartonnen doaske wie langer as dat fan plestik. Yn dy doaskes sieten mûlharpen, dat is geef Frysk, mar wy hienen it altyd oer in mondharmoanika. Dútske makkelij, fansels. Beide echte Hohners, de iene, sulver fan kleur, dat wie de Echo Harp. De oare wie goudkleurich en hjitte de Hohner Comet. Heit wiksele de beide ôf. Ien fan de toppers dêr’t er altyd daliks op meispylje moast wie de mars Alte Kameraden. Yn dy tiid waard dat nûmer alle wiken wol oanfrege yn ien as oar muzykprogramma, dus ik koe en kin it nûmer wol dreame.

Ik fûn dy harmoanika doe mar wat apart en perfoarst net stoer, mar no’t ik sels ek wat mei muzyk omgriem, kom ik der mear en mear efter dat yn de rock ’n roll en blues in soad gebrûk makke wurdt fan de mûlharp. Heit koe omraak mei de Hohner oerwei. Dat feroare doe’t er yn de lêste jierren COPD krige, want dan is it grutte blazen wol goed oer. Hoe dan ek, wy binne grutbrocht mei dy ynstruminten.

Se lizze beide foar my. Want ik ha se urven.

Juster ha ik mei de nije besetting fan it Bokwerder Onbelang oefene, en ja heit, as je noch earne omsweve, ik ha ferdomd op de gouden harmoanika spile. It klonk ek noch wol earne nei. Jo woenen my altyd op in koar ha, dat ferhipte ik, mar de leafde foar muzyk ha ik al meikrigen. Neffens ien fan de bandleden ha je der grif wol efkes nei harke.

 

 

20151208_203654

 

2 Comments on “Bucket list: Min 1

  1. Pingback: Blog Ferdinand de Jong: Bucket list: Min 1 | ensafh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *