Balletinte

Balletje majo plus plus

download

Oan de keukentafel komme meastal de briljantste ideeën boppe driuwen. No wit ik net oft it folgjende dêr by heart, mar jim sille grif dit foarsichtige merkûndersyk fan de nedige snedige kommentaren foarsjen, dus ik bin fol ferwachting.

It is krisis, wat de snelle jonges mei djoere pakken ek sizze. ‘Er komen elke dag banen bij!’ raze se. No, ik sjoch eins krekt it tsjinoerstelde. As jo de pech ha boppe de 30 te wêzen en jo reitsje jo wurk kwyt, is der net folle kâns om wer oan de slacht te kommen. Dus moatte je wat betinke.

Ik wol jim in fraach foarlizze. Wat soenen jim der fan fine as in pear minsken it plan útfiere soenen om yn Drachten in gehakbal restaurant te begjinnen? Gewoan, in bal gehak mei in klodder moster, of hokker saus dan ek mar. Broadsje foar lytse mearpriis. En mochten der echte hongerige typkes op de balletinte ôfkomme, is der ek grif in seane of bakte earpel mei gol fet en in bak slaad of griene beannen by te fersieren. Yn Antwerpen ha se sa’n ballebistro al jierren.

Mar de gehakbal as ankerpunt. In ferskaat oan soarten. Gehakbal naturel, gehakbal pikant, gehakbal mei sean aai yn de midden, gehakbal mei sipels der troch.

Neffens my moatte dêr minsken op ôfkomme. Se wokke, hamburgerje en kôgje ek in rauwe fisk om, dus wat is der mis mei in gewoane gehakbal as je efkes gjin nocht ha om iten klear te meitsjen? Fansels is der ek in draaftroch, om de ballen mei te nimmen.

Ik sjoch der wol ljocht yn, sa’n balletinte. En jim? Let mar op, oer in wike as wat iepent der in Ballorig2.0. Of sa.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *