Appe jim Frysk?

Kolleezjetoer

Frysk soe út de tiid wêze? No, nee.

Hjoed mocht ik in lesoerke fragen beäntwurdzje op it Liudger yn Burgum. Yn in superleuke klasse mei sa’n 25 bern, dy’t Frysk as fak op skoalle ha. Se wienen fia Lezen voor de lijst dwaande mei myn roman De Lêste Trúk. Guon hienen it boek al út, oaren noch net. Yn in setting sa as mei kolleezjetoer frege de iene nei de oare learling wat se witte woenen. Fan dizze les moatte se dan wer in ferslachje skriuwe.

Earlik sein wie it trije kertier lang gewoan harstikke leuk, learaar Tjeerd Kooistra hat der hast gjin wurk fan, sa sei er tsjin my, sa wolle dy bern leare. Twa punten dy’t oan de oarder kamen wol ik der efkes út ljochtsje. It earste wie in fraach fan my, want it ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed-Faber lei by Kooistra op tafel. Friezen op sosjale media. Wêr kinne jo no better efkes hifkje hoe’t dat sit as yn in klasse fol mei Frysktalige bern? Dus frege ik hoefolle fan harren wolris Frysk appte. Ta myn stomme fernuvering gienen alle hannen de loft yn. ‘Altyd!’ seinen in pear der oerhinne. Earlik sein krige ik in bytsje pikefel, mar dat ha ik se fansels net ferteld, en as se dit op Stikelstekker lêze, bin ik al lang wer thús. (smiley#1)

Lêze al jim jittikmigers en doemdenkers wat it Frysk oanbelanget efkes mei? Sawat 100% fan in klasse fan 25 bern yn Burgum appt geregeld yn it Frysk. Okee, it sil net hielendal in provinsjale blaudruk wêze, yn de Hoofdplaatsen miene se altyd al dat it brûken fan it Frysk wat foar bûten de stedsgrinzen is, mar neffens my seit it wol wat. O ja, ik ha ek tsjin de bern sein dat it omdraaien fan de tiidwurden troch de beropsfriezen fansels ta de standert opnaam wurde moat as eltsenien it sa docht. Taal is yn beweging, dat sil ek by de meast drege literatoaren en beliedsbepalers moatte yndale. (smiley#2) Ik ha sein dat se der moai mei trochgean moatte. En it skriuwen op de app yn fonetysk Frysk? Neat mis mei.

Al mei al in tige hoopfolle moarn. Foaral fanwege it twadde punt dat ik efkes YN HIELE GRUTTE letters optekenje wol. Op de fraach fan ien fan de froulju hoe âld ik dan wol net wie, ha ik yn alle earlikheid sein dat ik 46 bin. En dat is ek sa.

‘O…’ sei se en seach har klasgenoaten wat laitsjend oan.

Dan begjinne je al wat ynelkoar te krimpen. Mar mei alle moed dy’t ik noch hie frege ik: ‘Wêrom seist o? Hiest my âlder tocht?’ (wachtsje op de mokerslach)

‘Nee, jonger!’ sei se.

Myn moarn koe net mear stikken. Tige tank, it wie super. (smiley#3)

20151215_132450

 

2 Comments on “Appe jim Frysk?

  1. Pingback: Blog Ferdinand de Jong: Appe jim Frysk? | ensafh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *