2.5 jier net mear smoke, in rintocht Nij Beets om

Rûke

images (1)

 

It wie hjoed waarm. Ien fan de earste echt waarme dagen fan 2015. Foar in soad minsken in dream dy’t útkaam. Foar in winterleafhawwer as my wat minder. Mar it wie moai waar om in ein te rinnen. Net om te draven, mar om te rinnen. Sûnt in pear wiken ha ik nije rinskuon en dat docht fertuten. Myn âlde wienen stikken en dat smiet blierren op. No ha ik dêr gjin lêst mear fan.

It is hast 2.5 jier lyn dat ik foar it lêst smookt ha. Foar my in dream dy’t útkaam is. Ien fan de grutte foardielen fan it net mear smoken is, dat je nei ferrin fan tiid alles wer folle better rûke. Dat is soms ferfelend, mar meastal in feest. Foaral as je op in simmerdei sa as hjoed beslute om Nij Beets om te rinnen.

Smokers sille fansels daliks sizze dat sy ek alles rûke, mar dat is net wier. Dat is omdat se der noch net oan ta binne om op te hâlden. Guon sille dat miskien nea dwaan, ik bin bliid dat ik it dien ha. Hjoed ha ik in soad rûkt op myn rintocht fan in kilometer as 12.

Fan it hiem ôf earst de diselgassen fan in pear frachtweinen dy’t swarte grûn oan it riden wienen. Doe’t ik lâns dat plak rûn en de frachtweinen wienen fuortriden, rûkte ik de grûn ek. De lucht fan in grutte buorkerij, kuil, trekkers en shovels dy’t dwaande wienen om hjir en dêr in kuilbult yn te riden. Ik rûkte de tongerblommen yn de berm, it foardroege gers, it farsk meande gers, hjir en dêr jarre. It wie waarm, op in bankje sieten twa minsken dy’t in banaan ieten. Ik rûkte dy banaan net, mar wol de sigaret dy’t de man opstutsen hie. Hearlik rûkt dat, sels nei 2.5 jier. Yn de berm lei in deade hazze, dy rûkte nei de kadaverauto’s fan de Rendac. Lokkich mar dat de lucht fan de blommen yn de berm rap de oerhân wer krige.

Ik waard ynhelle troch in ferskaat oan auto’s. Ik koe rûke oft se op disel, gas of besine riden. Ek de trekkers mei mânske ladeweinen ferspraten in mjuks oan rook. Fan útlitgas, fet en smaroalje oant it gers dat yn de weinen siet en nei de bult brocht waard. De nije brêge oer it Polderhoofdkanaal oer rûkte ik de typyske lucht dy’t by sa’n kanaal heard. Eartiids yn Oranjewâld ha ik dy rook kennen leard lâns it kanaal tusken It Wâld en De Knipe. In frou mei bernewein en twa hûnen dy’t efkes yn it wetter west hienen. Dy frou rûkte ik net, de hûnen des te mear.

Doe’t ik yn de beboude kom kaam, feroare alles. De rook fan it boerelân liet ik efter my en snúfde de rook fan de bewenne wrâld fan in Frysk doarp yn. Earst in flaach fan in yn bloei steande kastanjebeam. Doe it hite asfalt, de loft trille yn de kearn fan it doarp. De farsk ferve kezinen fan in hûs, de smaroalje fan in lytse garaazje. In reade rododendron dy’t oan de wei stiet, en de lucht fan in winkel yn bistefoer. Efkes fierderop de bekende lucht fan in hinnehok. In man mei geurtabak yn de pipe dy’t njonken syn hûs siet en sichtber geniete fan de sinne. Karbonade, in betide barbeknoei, sipels, Sineesk iten en kofje, de kulinêre rintocht troch in doarp jout in moai byld oer it konsumpsjegedrach fan de minsken.

Wer in pear hûzen fierder wie it hielendal helder dat de minsken dy’t dêr wennen hynders as hobby hienen. Ik hoegde net te sjen, ik koe it rûke. In ploechje froulju dat ik tsjinkaam wie ryklik ynsmard mei sinnebrânguod. Dat, en in oerdie oan parfum die my werom ferlangjen nei it foardroege gers. Tefolle, te bot. Mar se groeten och sa fleurich, want it wie moai waar.

Bûten it doarp wie ik werom yn de earder beskreaune boerewrâld. Mar efkes fierderop kaam dêr de skerpe geur fan de kompostearring tusken Nij Beets en Ald Beets by. Op it fytspaad werom nei Boarnburgum wie it smoarende hyt tsjin de beamwâl oan. Gjin wyn en de swietrook fan de tongerblommen moast it ôflizze tsjin smeltend asfalt en switlucht. Sa as ik al sei, meastal is it in feest, soms net.

Ik wol nea wer smoke. Al hoe lekker ek.

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *